Harns fangt tydlik flechtlingen op yn riviercruiseskip

Boargemaster Ina Sjerps oer de opfang © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Harns krijt fan tiisdei 1 novimber ôf in tydlike krisisneedopfang. Dit wurdt dien mei it riviercruiseskip River Diamond, dat foar in perioade fan seis moannen opfang biedt oan op syn heechst 170 flechtlingen út Ter Apel.
It skip komt oan de sportfiskerssteiger te lizzen by de fiskfeiling. Yn de buert fan it plak yn de haven binne gjin direkte omwenjenden seit boargemaster Ina Sjerps. "Er zijn wel bedrijven, die worden geïnformeerd."
"We leven in onrustige tijden waarbij mensen wereldwijd door oorlogen en onderdrukking op de vlucht slaan", seit de boargemaster. "Als gemeente Harlingen nemen we nu onze verantwoordelijkheid en leveren we een bijdrage om de opvang in Ter Apel te ontlasten. We zijn echter een kleine gemeente en hebben daarom duidelijke afspraken gemaakt met de Veiligheidsregio Fryslân en het COA (Centraal Orgaan opvang Asielzoekers)."
Harns fangt tydlik flechtlingen op yn riviercruiseskip
Offisjeel mei der net samar sa'n cruiseboat yn de haven lizze bliuwe, leit Sjerps út. "Ons besluit is in feite dat we in strijd met het bestemmingsplan dit gedogen voor een bepaalde periode, vanwege humanitaire en dringende redenen."
"Andere Friese gemeenten zijn ons al voorgegaan, wij vinden dat wij in solidariteit met die gemeenten nu aan de beurt zijn."
"Tot 1 november vindt er nog opvang plaats in het WTC en het Fries Congrescentrum. Die gaan ook weer sluiten dus we zijn op zoek naar nieuwe locaties", seit Jan Beuving fan de Veiligheidsregio.

Winter trochbringe

Boppedat binne der neffens him net in soad plakken geskikt om de winter troch te bringen. "Een schip met een mooie aanlegplaats was voor ons een hele mooie oplossing. Er wordt hier gebruik gemaakt van een riviercruiseschip, dus die is ook ingericht om op te eten en op te kunnen verblijven."
Beuving ferwachtet dat op it skip flechtlingen opfongen wurde sille dy't harren oanmeld ha yn Ter Apel. "Daarna gaan ze naar de crisisnoodopvang elders in Nederland, daar zou Harlingen ook een plek voor kunnen zijn."