Snits op keunstsinnige wize útljochte mei festival LUNA Waterstad

Keunstwurk fan Lin de Mol by Luna yn Snits © Luna Waterstad
Tsien ljochtkeunstwurken binne fan hjoed ôf te sjen op ferskate plakken yn Snits by it festival LUNA Waterstad. It publyk kin troch de stêd kuierje en in eigen rûte útstippelje.
De wurken binne makke troch keunstners út binnen-en bûtenlân. "Ien fan de keunstwurken is fan it Belgysk/Dútske duo The Artpole dat foarbygongers yn it Wilhelminapark fotografearre hat en de gesichten no op de beammen yn it park projektearret", fertelt Grietje Hoekstra fan VVV Waterland.
It hat te krijen mei ien fan de tema's, reizgjen en migraasje, krekt as de útferljochte koffer dy't te sjen is op de steiger fan de Prins Hendrikkade, in wurk fan Lin de Mol.

Enerzjykosten

Fansels spilet de kwestje fan hege enerzjyprizen ek by de organisaasje. "We gean der sa goed mooglik mei om, de keunstwurken ha allegear enerzjysunige ferljochting en as de besikers no thús alle ljochten útdogge en ek de telefyzje net op stand-by stean litte, dan soenen we ûnderoan de streep mei alle minsken dy't der binne minder enerzjy ferbrûke as oars."
Grietje Hoekstra oer it festival
Luna duorret oant en mei 22 oktober. Op de webside is in plattegrûn te finen en der is ek in app.