Noordelijk Film Festival wol grinzen ferlizze en mear fariaasje

Noordelijk Film Festival © Lucas Kemper
It nije programmateam fan it Noordelijk Film Festival wol grinzen ferlizze. It programma is tongersdei bekend wurden. It festival wurdt fan 9 oant en mei 13 novimber organisearre yn Ljouwert, mar der wurde ek films toand yn Drachten en Frjentsjer.
De eardere artistyk lieder en programmeur fan it festival, Fredau Buwalda, is opfolge troch in team fan trije programmeurs: Marrit Greidanus, Harmen Huizenga en Loes Brinkman. "It befalt goed, it is moai om in klankboerd te hawwen en der mei elkoar oer prate te kinnen", sa fynt Marrit Greidanus.

Ek út oare lannen

It nije team wol graach mear de grinzen opsykje. It festival rjochtet him no op films út Skandinavië, de Baltyske steaten, Grut-Brittannië en Ierlân. "Mar as wy in hiele goede film út bygelyks Switserlân tsjinkomme dy't kwa lânskip, tema's of opfettingen hiel goed by ús festival past, dan wolle we dat fan no ôf ek programmearje", leit Greidanus út.
"Ek wolle we mear fariaasje. Sa wolle we lytse eksperimintele films sjen litte, mar we fine it ek belangryk dat der wat kommersjelere films binne dy't breder tagonklik binne."

Oekraynske films

Se tinkt dat de iepeningsfilm dit jier ek tagonklik is. "Dat is de film The Banshees of Inisherin út Ierlân. It hat in priis wûn op it filmfestival yn Venetië foar bêste skript. Der sitte bekende nammen yn lykas de akteur Colin Farrell."
Sels sjocht Greidanus út nei in oare Ierske film a Quiet Girl en tinkt se dat de film a Triangle of Sadness ien fan de highlights fan it festival wurde sil. "Ek hawwe we dit jier in Oekraïnespecial. We litte twa Oekraynske films sjen mei hjirby in ynlieding fersoarge troch Ira Judkovskaja."