Fryslân wol UNESCO Memory of the World-status foar midsiuwske hânskriften

Fryslân wol in bysûndere kolleksje âlde Fryske teksten nominearje as UNESCO Memory of the World. It giet om de Richthofen-kolleksje, in unike midsiuwske samling hânskriften oer de Fryske skiednis.
Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar en deputearre Sietske Poepjes hawwe tongersdei in bidbook yn Den Haag oanbean om op de status oan te trúnjen.
It Memory of the World-programma is in ynternasjonaal inisjatyf om weardefolle argiven, kolleksjes en wurken te bewarjen, tagonklik te meitsjen en der omtinken foar te krijen. Lannen kinne om de twa jier nominaasjes oandrage.
Anne Popkema leit út wêrom't de hânskriften sa wichtich binne
De Richthofen-teksten binne in soarte wetboeken dy't yn de rin fan de jierren skreaun binne foar it Fryske gebiet. It giet om tsien rjochtshânskriften: jurisprudinsje út de midsiuwen. De âldste tekst komt út de 14e iuw, de jongste fan likernôch 1600.
Wichtige boarne foar it Aldfrysk
Fjouwer boeken binne yn it Middelnedersaksysk skreaun en seis yn it Aldfrysk, dy foarmje dêrmei in grut part fan it oerlevere korpus Aldfrysk.
"Dit is de wichtichste kolleksje fan midsiuwsk Frysk op de wrâld", seit ûndersiker Anne Popkema, dy't by de ûndersyksgroep Pastei heart. "Eltsenien moat snappe dat dit unyk materiaal is. In gigantyske skat, dêr't je net lichtfeardich mei omgean moatte, mar wêr't je wol fan wolle dat minsken it brûke."

Der binne net in soad midsiuwske hânskriften út Fryslân oerbleaun, dêrom binne de teksten sa wichtich om in byld te krijen fan de Fryske mienskip fan doedestiids. Ien fan de teksten is it 'Freeska Landriucht' út 1484-1486, it âldste printe boek yn it Frysk.
"Kinst nearne sa tichtby de ferhalen komme dy't ús Friezen makke hat ta sa't wy no binne. Dy kearn leit hjiryn", seit Popkema.
Fan Wierdsma nei Richthofen
De earste dy't de hânskriften byinoar brocht, wie de Ljouwerter jurist Peterus Wierdsma sr. (1729-1811). Dêrom soe de Richthofen-kolleksje eins de Wierdsma-kolleksje hjitte moatte, sa fine de ûndersikers fan Pastei.
Wierdsma heakke der ynhâldsopjeften en registers oan ta en liet de teksten yn nije boekbannen bine. It ûndersyk fan Pastei hat al útwiisd dat dit nei alle gedachten dien is troch de Ljouwerter masterboekbiner Roelof Hunia (sa. 1722-1803).

Yn 1858 kocht de Prusyske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811-1888) de hânskriften. Von Richthofen wie in spesjalist yn midsiuwsk Frysk rjocht.
Syn famylje ferkocht de teksten yn 1922 wer oan de provinsje Fryslân, de boeken giene nei de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân ta nei't der jild foar ynsammele wie.

Hoewol't de teksten al iuwen bekend binne, wie der noch nea écht yngreven ûndersyk nei dien. Dêr binne Anne Popkema, Riemer Janssen en Herre de Vries as ûndersyksgroep Pastei twa jier lyn mei úteinset.
De Richthofen-kolleksje is hjoed-de-dei ien fan de 'topstikken' fan Tresoar. Om't de samling dit jier hûndert jier lyn weromkaam nei ús provinsje, hat Tresoar yn 2020 oan Pastei de opdracht jûn om de kolleksje te bestudearjen en ûntsluten.
Boekarcheologysk ûndersyk
Popkema, Janssen en De Vries hawwe ûnder oare sjoen nei hoe't de hânskriften der oan ta binne, fan wa't se west hawwe en hoe't se sa goed mooglik digitalisearre wurde kinne.
Fierder is ek de kontekst en de materiaaltechnyske kant fan de hânskriften ûndersocht: binne de teksten yn ien kear skreaun of oer in langere perioade mei ferskate tafoegingen? Wa wiene de eigeners en opdrachtjouwers troch de jierren hinne? Wa hat de teksten drukt? Hoe binne teksten byinoar brocht yn in boek?

It trijetal hat al bysûndere dingen ûntdutsen. Yn ien fan de hânskriften is bygelyks in 'griffelglosse' fûn: in amper sichtbere, ynkerve tekst mei de namme fan 'Folt Phaesma alias Hilma', nei alle gedachten in 16e-iuwske eigener fan it boek.
Der waard ek in nij stik tekst fûn yn twa siden dy't oan inoar lime wiene. Troch der ljocht op te skinen, is te sjen dat der in oars ûnsichtbere tekst yn de 'Codex Fivelgo' stiet.
It ûndersyk is hjirmei net klear, seit Popkema. "Wol is dien wat we ôfpraat hawwe wat wy dwaan soenen. Mar ûndersyk is noait klear. Aanst wolle je miskien wol in boek dêr't alles byinoar komt, yn stee fan allinnich in webside. Wy hawwe noch wol tûzen fragen lizzen."
Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar