Skjin Wetter yn aksje: "Elts krijt alle wiken in pinpas mikroplestiks binnen"

De aksje Skjin Wetter duorret noch twa dagen, mar der is al by mear as 200 kilometer oan wâlskanten swalkôffal opromme. Dêr binne in wike lang 2.000 frijwilligers foar yn 't spier.
"It is in tuskenstân", seit Lemke Statema fan de Friese Milieu Federatie. "Fan in tredde fan de organisaasjes hawwe wy it oantal kilometers binnen." Ferline jier is der yn totaal 835 kilometer skjinmakke.
Statema leit út wêrom't de aksje - spitigernôch - sa nedich is. "Wy stride tsjin mikroplestiks, spitigernôch krijt de wettersuvering dy der ek net mear út. Fia dyn iten en drinkwetter krije je alle wiken in pinpas oan plestiks binnen. Dat is in hiel soad. It sit oeral. Wy wolle it tsjingean, dêrom wolle wy foarkomme dat plestik útinoar falt."

Yn 7 gemeenten

Der dogge sân gemeenten mei oan de sechsde edysje fan de aksje: Dantumadiel, De Fryske Marren, Smellingerlân, Hearrenfean, Noardeast-Fryslân, Harns en Waadhoeke. Mear as 45 ferieningen, organisaasjes, klups en ûndernimmers dogge stekke de hannen út de mouwen.
Skjin Wetter yn aksje
Lemke Statema en dosint Ronald Duut
Sa ek it Lauwers College yn Kollum. Gymnastykdosint Ronald Duut is ien fan de lju dy't mei de learlingen oan it oprêden slacht. "We zijn betrokken in Kollum met het de strijd tegen het rondslingerende afval. We willen een steentje bijdragen. We gaan straks de wijk in om een uur lang schoon te maken."
De aksje Skjin Wetter einiget 15 oktober.
Ferslachjouwer Earryt Sijens praat mei in tal learlingen