Fernijde mêst foar Wylde Swan: "Je moatte net je eigen fleis keure"

Wylde Swan © Omrop Fryslan
In bysûnder momint foar de bemanning fan it Tall Ship de Wylde Swan yn Harns: it skip krige de mêst dy't yngreven kontrolearre en renovearre is werom. Tradisjoneel waard dêrfoar in muntsjeseremoanje holden.
De kontrôle fan de mêsten by de grutte sylskippen leit sûnt de deadlike ûngemakken op de Waadsee ûnder in fergrutglês. By de Wylde Swan, dy't geregeld mei jeugd op 'en paad is, wurdt it dan ek serieus naam.
"Je moatte net je eigen fleis keure. Ien kear yn de fiif jier moatte we de mêsten 'horizontaal' oanbiede", seit kaptein Marco van der Werf. "Dat betsjut dat de mêst yngreven neisjoen wurdt. No ha we de mêst ek opnij fan túch foarsjoen."
De Wylde Swan krijt in nije mêst
Op it skip sels wurdt alle moannen alles kontrolearre, seit Van der Werf. "Mar sels dan kinne je ris wat oer de holle sjen. Dêr moatst altyd oer neitinke. We brûke dêrfoar dan ek in programma dat alles byhâldt."

Munt foar gelok

Under de mêst wurdt in munt fan 1 euro dellein. Dy moat soargje foar gelok. Frank Stienstra, de man dy't ferantwurdlik is foar alle ûnderhâld, mei him der dellizze. Dêrby moat hy in ferhaal fertelle.
"Mijn euro, mijn verhaal heeft te maken met een schip dat ik met een goede vriend had. Daar hebben we veel avonturen mee beleefd. We hebben hem voor die munt verkocht aan iemand die zo weer in aanraking is gekomen met de Wylde Swan."
As alles wer te plak sit en it grutte ûnderhâld klear is, set it skip ein oktober ôf rjochting Spanje. Dêrnei fart it troch nei ûnder oare Brazilië.