Iepening genderneutraal húske op Stedelijk Gymnasium: "Het is een veilige plek"

De learlingen fan de GSA op it Stedelijk Gymnasium Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Op de twadde ferdjipping fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert is op Coming Out Day in genderneutraal húske iepene. It idee fan it toilet komt net fan bygelyks de rektor of dosinten, mar fan de learlingen sels.
Dat die de skoalle mei in feestlike seremoanje, mei ûnder oare YouTuber Alice Olsthoorn. In groep skoalbern wol de akseptaasje fan LHBTIQ+-learlingen op de skoalle stimulearje yn de projektgroep GSA. "Dat is de Gender and Sexuality Alliance. Wy wolle dat eltsenien gelyk is op skoalle en gelyk behannele wurdt yn it kader fan de LHBTIQ+ yn Nederlân", seit Nex Oudega.
Harren is learling op it Stedelijk Gymnasium en wie belutsen by it oprjochten fan de GSA op skoalle, "Wy woene graach ek hjir in genderneutraal toilet. Sadat eltsenien har feilich fiele kin op skoalle. Dat eltsenien nei de wc kin, sûnder dat se hieltyd konfrontearre wurde mei har âlde geslacht of gender."
Learlingen fan it Stedelijk by de iepening fan it húske © Stedelijk Gymnasium Ljouwert
De GSA fan it Stedelijk is krekt in jier lyn oprjochte, seit Nex. "It ôfrune jier binne wy by de rektor binnen stapt oft wy in flage ophingje meie op Coming Out Day. Dêrop woene wy ek Pearse Freed organisearje. In freon woe helpe. Dy hie it idee om fuortendaliks in GSA op te rjochtsjen. Ik wie der hielendal klear foar om mei allegear arguminten te kommen, mar de rektor wie direkt entûsjast."
"We vinden dat heel goed en heel fijn", seit rektor Eelko Hooijmaaijers, "Sterker nog, we zijn er ontzettend trots op. Je hoort als school een veilige plek te zijn. Kinderen moeten zich kunnen ontwikkelen tot wie ze zijn. Daar hoort bij dat je ook over je seksuele identiteit moet kunnen praten en er voor uit moet kunnen komen. Dus de GSA hebben we er graag bij hier op school."
Foar de learlingen fielt it ek dat se hjir feilich binne: "Ik heb nooit getwijfeld of mensen mij nou wel of niet zouden accepteren", seit learling en GSA-lid Huub Kuilenberg. "Ik heb niet het gevoel gehad dat mensen hier er moeilijk over zouden doen. Dus ik voel me hier wel veilig."
It toilet fersterket dat gefoel neffens Kuilenberg. "Nu kunnen transgender of genderneutrale leerlingen zich veilig op een toilet begeven zonder te twijfelen of ze op het goede toilet zijn en zonder dat iemand ze raar aankijkt. Dat is een veilige plek."
De GSA is foar de belutsen learlingen dan ek in noflik plak om gear te wurkjen, seit Nex. "Foar ús is dat hiel belangryk. It is om te sjen wa ast bist, om dysels út te dragen nei bûten ta. En om te sjen datst der ek wêze meist. Eltsenien moat gelyk behannele wurde kinne op skoalle. Nettsjinsteande gender of kleur. Dêr stean wy mei de GSA hiel bot foar. It is wichtich dat wy der no as groep mei dwaande binne en bliuwe."