Tinkteken foar arbeiders dy't omkamen by de oanlis fan de Ofslútdyk

Arbeiders op de Ofslútdyk © Rijkswaterstaat
Der komt in tinkteken foar de fjirtjin arbeiders, dy't omkommen binne by de oanlis fan de Ofslútdyk tusken 1927 en 1932. It inisjatyf hjirfoar komt fan skriuwer Bas Sleeuwenhoek.
Hy skreau yn 2006 it boek Het schrale eind, een reis langs de bedwongen Zuiderzee nei oanlieding fan it 75-jierrich bestean fan de dyk. By syn ûndersyk foar it boek, ûntduts hy dat arbeiders by de oanlis omkaam wiene troch ferdrinking of oare ûngelokken.
Sleeuwenhoek woe doe al dat der in tinkteken komme soe, mar Rykswettersteat fûn dat hy dêr dan sponsoaren foar fine moast. Dat slagge net en ek wie net dúdlik wat der mei de dyk barre soe.
© Rijkswaterstaat
No, 16 jier letter is it wol slagge. Ferline jier melde him The Vanneau Foundation út Harderwijk. De stichting foar erfgoed mei histoaryske wearde wol it tinkteken betelje. Rykswettersteat wol no ek meiwurkje oan it projekt.
Yn benammen de jierren '30 kamen de arbeiders om it libben by it hurde wurkjen oan de Ofslútdyk. Der wie gjin sprake fan misstannen neffens Sleeuwenhoek, mar hânarbeid en masinen wiene ticht byinoar. By slûzen waard op grutte hichte wurke en ek fanwegen it wetter barden der maklik ûngelokken.
Arbeiders op de Ofslútdyk © Rijkswaterstaat
Omdat de argiven fan de Suderseewurken ferneatige binne, wie lang ûnwis hoefolle minsken omkaam binne by de oanlis. Ynearsten gie Sleeuwenhoek út fan acht deaden. Troch de jierren hinne waarden hieltyd mear kranten digitalisearre en kamen der noch seis gefallen boppe wetter. It oantal kin noch tanimme, as der mear oer bekend wurdt.

Fjouwer Friezen

Under de omkommen arbeiders binne fjouwer Friezen. Se komme út Boalsert, Bakkefean, Wytmarsum en Harns. Oer de man út Harns, Abele Lolkema, is net in soad bekend.
Bas Sleeuwenhoek is noch op syk nei neibesteanden of bekenden fan Abele Lolkema fan Harns. Lolkema kaam yn oktober 1927 om it libben yn it wetter by Surch, doe't er fan in pream foel.
Lolkema wie berne yn Mullum en wie troud mei Wilhelmina Helena Houtsma. Sy hiene in soan Rein, dy't yn 1945 ferstoar yn Dútslân. De âlden fan Abele wiene Rein Lolkema en Theresia Potma en hy hie noch in broer Frederikus. Wa't mear oer har wit, kin dat witte litte fia gedenktekenafsluitdijk@gmail.com.
It wie hurd wurkjen by de oanlis fan de Ofslútdyk © Rijkswaterstaat
Der wurdt de kommende tiid neitocht oer hoe't it tinkteken derút komt te sjen en wêr't it pleatst wurde kin. Der binne op dit stuit noch wurksumheden dwaande om de Ofslútdyk te ferbetterjen. Wannear't it tinkteken pleatst wurde sil, is ek noch net dúdlik.
Bas Sleeuwenhoek oer it tinkteken foar de omkommen arbeiders