Achtkarspelen fangt yn Bûtenpost en Gerkeskleaster sa'n 150 flechtlingen op

De Fonteintsjerke yn Bûtenpost © Google Street View
Gemeente Achtkarspelen hat moandei bekend makke dat der op ferskate lokaasjes opfangplakken komme. Der soene sa'n 150 flechtlingen opfongen wurde kinne.
It tsjerkebestjoer hat besletten dat de Fonteintsjerke yn Bûtenpost fan novimber ôf plak biede kin oan 50 oant 75 flechtlingen. Omwenners binne dêr moandei oer ynljochte fia in brief.

Gerkeskleaster

Op deselde dei waard ek bekend makke dat der yn de eardere skoalle De Claercamp fan Gerkeskleaster in krisisneedopfang foar 75 flechtlingen út ferskate lannen komt. Oer dit plan is tiisdeitejûn in ynformaasjegearkomste yn doarpshûs Rehoboth. Dizze lokaasje moat binnen fjouwer wiken ree makke wurde.
De bedoeling is dat de flechtlingen hjir uterlik yn maart takom jier wer wei binne, sa't der wer oare aktiviteiten plakfine kinne yn De Claercamp.

Oare lokaasjes

Achtkarspelen wol mei de opfang yn 'e mjitte komme oan it fersyk fan Veiligheidsregio Fryslân. Der wurde ek al sa'n 35 flechtlingen opfongen yn de PKN-tsjerke yn Koatstertille en yn Twizel is plak by de frijmakke grifformearde tsjerke, jongereinhonk De Klinck en de gymseal.