Andries Noppert baalt noch fan goal Gakpo: "Ik hie 'm ha kind"

© Omrop Fryslân
Keeper Andries Noppert kin him net fine yn de krityk dy't der is op it spul fan sc Hearrenfean. "Wy witte sels ek wol dat we oanfallend mear bringe moatte. Mar we toane ús wol ree om alles te jaan. Soks hat ek tiid nedich."
Noppert sjocht yn de Sportcast werom op de wedstriid dy't sc Hearrenfean snein mei 1-0 ferlear fan PSV. Gakpo passearre de keeper fan sc Hearrenfean mei in skot fanôf de râne fan de 16 meter. "Ik bin derfan oertsjûge dat ik dy bal pakke kinnen hie. Njoggen fan de tsien kear pakst him."
De doelman begrypt de frustraasje fan Sydney van Hooijdonk hiel goed. Dy baalt derfan dat Hearrenfean net mear kânsen krijt. "Dy jonge stiet der om in goal te meitsjen. En as dat net slagget, dan rekkest frustrearre. Ik wie juster ek frustrearre."
Noppert is noch altyd yn de race foar in plak yn de WK-seleksje fan Louis van Gaal. De keepers dy't yn byld binne, hawwe ferline moanne in spesjale penaltytest dien, ûnder lieding fan âld-follybalcoach Peter Murphy. In test op wittenskiplike wize.
"Se wolle besykje om te sjen oft dat wurket", fertelt Noppert. "We hawwe testen dien om te sjen hoe't je yn elkoar sitte. It hat te meitsjen mei it brein. Dan kinne se sjen hoe't je yn elkoar stekke."
Doe't hy fertelde hoe't ik yn elkoar sit, tocht ik: ferdomme, dat kloppet.
Andries Noppert
Noppert fynt himsels frij nochter. "Mar doe't hy fertelde hoe't ik yn elkoar sit, tocht ik: ferdomme, dat kloppet."
"Hoe't ik dan yn elkoar sit? Dat mei ik noch net ferklappe. Dat moat noch útkomme."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Noppert pakte by de test ien fan de fiif penaltys. Dy fan Kenneth Taylor. Pasveer pakte bygelyks net ien penalty.
Dat Noppert ferline moanne selektearre waard foar de ynterlannen tsjin België en Poalen, kaam foar de Jouster as in grutte ferrassing. "Noait by stilstien." En no is er miskien wol hiel tichtby dielname oan it WK. "Ik kin mar ien ding dwaan en dat is goed keepe. Foar de rest haw ik it net yn de hân."