Natascha Ausma debutearret op WK judo: "Net sa dwaande mei myn foarm"

Natascha Ausma earder dit jier op it EK © Orange Pictures
Natascha Ausma judowe op Europeeske kampioenskippen en Grand Slams, mar tiisdei begjint se oan it grutste toernoai út har karriêre. Se komt yn aksje op it wrâldkampioenskip.
Dêrfoar is de judoka fan Lippenhuzen ôfrûne tongersdei ôfreizge nei Tasjkent, de haadstêd fan Oezbekistan. Dêr makket se har WK-debút op de tatamy. Se is as tolfde pleatst en dus liket in medalje dreech te wurden yn har gewichtsklasse ûnder de 78 kilogram.
Oan de oare kant pakte Ausma dit jier al twa brûnzen plakken op de Grand Slam. "De trainings geane goed. En ik helje ek wol fertrouwen út de ôfrûne toernoaien dy't ik dien ha", fertelt de 26-jierrige Ausma oan de foarjûn fan har debút.

WK-foarm

Hoe sit it mei har foarm? "Dat begjint wol hieltyd mear te kommen. Mar ik bin der net sa mei dwaande hear. Foar my seit it neat wat dyn tarieding is. Somtiden bin ik twa wiken siik en wurd ik ynienen earste. It giet gewoan goed mei my en ik tink dat dat it belangrykste is."
Trochdat Ausma as tolfde pleatst is, hat se gjin beskerme lotting. De earste acht judoka's fan de pleatsingslist wurde útinoar helle en de oaren wurde der by lotte. En dus soe se fuortendaliks in topper tsjinkomme kinne. Mar: "As je winne wolle, moatte je elkenien ferslaan", seit Ausma.
Natascha Ausma stiet der goed foar yn de oanrin nei it WK
It wrâldkampioenskip is om noch in oare reden wichtich. De Olympyske Simmerspelen binne al oer in lytse twa jier en dit WK telt foar de judoka's mei as kwalifikaasjemomint dêrfoar. "It is wol wat belangriker as oare WK's", jout Ausma ta.
"Folgjend jier is it noch belangriker. Dizze telt foar 50% mei en folgjend jier foar 100%. Dus der is noch gjin man oerboard as it net sa goed gean soe, mar it is wol wat belangriker."
Oant no ta kinne de Friezen op it WK judo noch gjin potten brekke. Sawol Tornike Tsjakadoea as Sanne Vermeer waarden it ôfrûne wykein yn de tredde ronde al útskeakele.
Yn eltse gewichtsklasse mei der mar ien judoka foar Nederlân nei de Spelen. En dus moat Ausma ôfrekkenje mei Guusje Steenhuis, dy't ek yn de kategory ûnder 78 kilo judowet.

It is lykwols net sa dat Ausma har mear yn de gaten hâldt as oars. "Ik kin allinnich mar mei mysels dwaande wêze. Wat sy docht, ha ik gjin ynfloed op. It is miskien wol oars ast gjinien yn dyn gewichtsklasse hast en datst dy allinnich mar hoechst te fokusjen op dysels. Mar ik bin net mear mei har dwaande as oare jierren of sa."

Tasjkent

It WK wurdt hâlden yn Oezbekistan. Wat wit Ausma eins fan dat lân, dat ûnder Kazachstan leit? "De haadstêd is Tasjkent. Ik ha der ien kear earder west, mar fierder wit ik der net hiel folle fan moat ik earlik sizze", laket Ausma.