Eaststellingwerf kontrolearret bedriuwspannen op ûndermining: "Speelt in het hele land"

© ANP
De gemeente Eaststellingwerf hat mei de plysje tsientallen bedriuwspannen kontrolearre. De kontrôle op mooglik ûndermynjende aktiviteiten by bedriuwen yn Easterwâlde hat neat fertochts opsmiten.
Oanlieding foar de kontrôle wie de lanlike tanimming fan ûndermynjende aktiviteiten. De kontrôles wiene derop rjochte om te sjen oft in gebou of terrein noch brûkt wurdt sa't dat yn it bestimmingsplan stiet.
Der wiene yn it foar gjin sinjalen binnenkaam dat der wat spile. En út de kontrôles die bliken dat de saken foar it grutste part yn oarder wiene. Net hielendal: op guon plakken wienen der problemen mei miljeukwestjes en brânfeilichheid.
"Ondermijning is een probleem dat in het hele land speelt", seit boargemaster Sandra Korthuis. Se is wiis mei de kontrôles. "Deze controles zijn een duidelijk signaal. Naar verhuurders, maar ook andere bedrijven in de omgeving. Wij tolereren hier geen ondermijning en criminele activiteiten."
Tafersjochhâlders en boa's ha eigeners fan de bedriuwspannen flyers jûn mei ynformaasje. "Om hen ook te informeren over de risico's van ondermijning en de signalen waar ze zelf op kunnen letten."