Talintejacht Lytse Aaipop komt werom, winner kriget plakje op Aaipop

© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Lytse Aaipop, in talintestriid wêrby't de winner in plakje fertsjinje kin op it grutte Aaipop festival, komt werom. Dat hat de organisaasje sneintemiddei bekend makke. Op 21 jannewaris 2023 fynt Lytse Aaipop plak yn 'e doarpskroech fan Nijlân.
Jierrenlang koenen (begjinnende) artysten en bands in plakje fertsjinje op it poadium fan it Aaipop festival troch it winnen fan dizze wedstriid. Eartiids organisearre Stifting Aaipop 'Lytse Aaipop' en letter gongen se Fryslân yn mei 'Aaipop der op út'.

Peaskemoandei

Troch de jierren hinne dienen bands as De Hûnekop, NNB, Skraal, Xigatze, mar ek solo artysten sa as Joop Obama mei oan dizze talintejacht. Guon wûnen de striid, oaren makken yndruk en binne úteinliks ek op it Aaipop-poadium bedarre en fier dêrbûten.
De winner fan Lytse Aaipop fertsjinnet in plakje op it grutte Aaipop festival op Peaskemoandei yn Nijlân. Sawol it optreden op Lytse Aaipop as op it Aaipop festival moat folslein yn it Frysk of yn oan it Frysk besibbe streektalen wêze, lykas it Stedfrysk en it Biltsk.