FIDEO: Tsjerketsjinst út de Ontmoetingskerk yn Oentsjerk wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Dizze kear komt de tsjinst út de Ontmoetingskerk yn Oentsjerk wei.
De tsjinst wurdt fersoarge troch de Protestantske Gemeente Trynwâlden. Foargonger fan de tsjinst is dûmny Hille Vlasman. Oargelist is Sebastiaan Schippers en der is muzikale meiwurking fan it Bazuin-jeugdkorps ûnder lieding fan Trienke Gietema-de Vries.
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.