Tjitske Hylkema ferlear twa bern: "Troch te skriuwen, is it út myn holle"

Tjitske Hylkema yn de keamer fan soan Jitze © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De oantinkens oan Jente en Jitze, soantsjes fan Peter en Tjitske Hylkema út Drylts, moatte libben bliuwe. Tjitske fertroude dêrom it ferhaal fan beide bern oan it papier ta.
It is ien fan de tolve ferhalen yn it boek 'Wij zijn nooit voorbij', dêr't âlden yn beskriuwe hoe't se har bern ferlern hawwe en wat dat mei harren docht.
Peter en Tjitske ha twa bern, Doutzen en Jitze, as Tjitske wer swier rekket. Nei tweintich wiken docht by in kontrôle bliken dat it hertsje net mear kloppet en in pear dagen letter komt Jente libbenleas op de wrâld.
Peter en Tjitske Hylkema by it lytse grêf fan Jente © Eigen foto
Fan Jitze, doe twa jier, is dan al dúdlik dat der wat oan 'e hân is. Uteinlik docht nei in soad ûndersiken bliken dat hy in seldsume stofwikselingssykte hat. Jitze is wrâldwiid de earste pasjint mei dizze sykte en hy moat hieltyd mear ynleverje op motoarysk gebiet. In prognoaze is der net, want der is gjin ûnderfining mei dizze sykte.
Tjitske beskriuwt yn it boek hoe't it omgean mei Jitze syn beheiningen har as famylje riker makke hat. Se beskriuwt ek hoe't Jitze ûnferwachts ferstjert. Hy is dan tsien jier.

Ofskied

Peter en Tjitske ha noch twa bern: Doutzen en Yeldau. Om te fertellen dat har broer net mear libbet, is swier. "Miskien wol swierder noch as it ferstjerren fan Jitze. Omdat ik wit dat wy harren wat fertelle dat har libben bepale sil en dat in libben lang by harren bliuwe sil."
Jitze Hylkema yn syn rolstoel © Eigen foto
Dat Jitze in spesjaal jonkje is, docht wol bliken út de grutte belangstelling op de begraffenis. Yn it boek beskriuwt Tjitske hoe't sy it ôfskied foarmjûn ha. Se hat de krêft om sels ek wat te sizzen.
Ik winskje alle minsken in stikje Jitze ta.
Tjitske Hylkema
"Op de begraffenis haw ik sein: ik winskje alle minsken in stikje Jitze ta. Hoe't hy alle kearen opnij in paad fûn om mei de beheiningen om te gean, makket my grutsk. As wat net slagge, dan besocht er it op in oare wize. Hy hat ús in soad leard."

Sûnder Jitze fierder

Mar it libben sûnder har soan falt net ta. "Jitze hie in eigen plak yn ús gesin. Wy moatte leare om sûnder Jitze fierder te gean. Fan in gesin mei in berntsje mei in beheining binne wy no in gesin mei twa sûne dochters. Ik sit no jûns op de bank. Dat is raar, want ik wie altyd dwaande mei Jitze."
Troch it skriuwen, it opnij belibjen fan alles wat wy meimakke ha, ha ik it út myn holle skreaun.
Tjitske Hylkema
It opskriuwen fan beide ferhalen hat goed west foar Tjitske. It is konfrontearjend mar ek in útlitklep foar har en it hat har holpen by it ferwurkjen. Troch alles op papier te setten belibbet se it opnij, mar dêrnei wurdt it rêstiger yn de holle.
"Datst jûns op bêd giest mei gedachten en dat dyselde gedachten der de oare moarns noch binne, is net goed. Troch it skriuwen, it opnij belibjen fan alles wat wy meimakke ha, ha ik it út myn holle skreaun."
Tjitske Hylkema fertelt oer it ferlies fan har twa bern
It boek 'Wij zijn nooit voorbij' is in útjefte fan de stichting Nooit Voorbij, dy't minsken bystiet dy't in bern ferlern ha.
De famylje Hylkema mei yn 'e midden Jitze © Eigen foto
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.