Fyftich amazônes en ruters ferjeie de wolf symboalysk út Fryslân by Murns

50 amazônes en ruters ferjeie symboalysk de wolf by Murns © Omrop Fryslân
Fyftich ruters en amazônes út hiel Fryslân sammelen harren sneontemiddei by Murns foar in bysûndere aksje. Troch yn in line fan in hichte ôf nei ûnderen te riden, waard de wolf symboalysk út Fryslân ferjage yn de styl fan in âlde fjildslach.
It hynstefolk fynt dat der foaral net mear wolven komme moatte yn Fryslân en docht dêrom graach mei oan de aksje fan Stichting Wolvenhek Fryslân.
Foarsitter Jehan Bouma fan Stichting Wolvehek hie ek in politike boadskip foar dielnimmers en publyk: wa't tsjin de wolf is, moat neffens him takommend jier foaral net op de FNP stimme.
"De FNP hat in slim negative rol spile yn it wolveferhaal. Yn de steaten wie in mearderheid tsjin de wolf, mar der kaam gjin aksje omdat de FNP dat net woe. Se hawwe de reade loper foar de wolf útrôle."
De wolf wurdt symboalysk Fryslân útjage:
De FNP lit yn in reaksje witte dat de partij de beskerme status fan de wolf ferleegje wol. As dat slagget, binne der mear mooglikheden foar de oerheid om de wolf te bestriden yn it gefal fan 'eksessen'. De wolf no oanpakke kin net, omdat it bist beskerme is op it heechste Europeeske nivo.
De dielnimmers oan de aksje fan sneon wolle foaral foarkomme dat de wolf noch mear slachtoffers meitsje kin yn Fryslân. Fenna de Vos fan Terwispel wie bysûnder motivearre om mei te riden. De ôfrûne simmer waard har ponny by Aldhoarne deabiten troch in wolf.
"Ik hie sa'n fertriet en ik wie ek lilk. Ik wol net dat dit noch mear ponnys of foaltsjes oerkomt. It is dêrom echt tiid foar aksje." Se wiist derop dat in soad hynders en ponnys it hiele jier troch bûtendoar rinne en dêrtroch winterdeis ekstra kwetsber binne foar wolven.