Yes we can: Studinten sette har yn foar in bettere wrâld

Fjouwer ynternasjonale studinten yn Ljouwert diele in hûs en harren ynset foar in bettere, earlikere en duorsumer wrâld. 'Yes we can' is in FryslânDOK-searje fol oansteklike, jonge ambysje, freonskip en persoanlike groei.
'Yes we can', in trijedielige searje fan FryslânDOK
Sneon 8, 15 en 22 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.30 uur)
Snein 9, 16 en 23 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Lina út Letlân, Linnea en Lea út Dútslân en Mariana út Portugal bewenje mei-inoar in studintehûs yn Ljouwert. It is in lytse 'community', sa't de Campus Fryslân fan Ryksuniversiteit Grins ek in community wêze wol.
Njonken harren wennet dokumintêremakker Annet Huisman dy't, as se har bysûndere buorfroulju yn it fizier krijt, beslút harren te folgjen. In lyts briefke yn 'e brievebus bringt it ferhaal oan it rôljen.
Mariana, Linnea en Lina © Gerko Jonker
De fjouwer dogge de stúdzje 'Global Responsibility and Leadership'. Dy bachelor is ynspirearre op de 'Sustainable Development Goals' fan de Feriene Naasjes. Dat binne ambysjes op it mêd fan sûnens, miljeu, polityk, ekonomy, gender en ûnderwiis.

Idealisme

Om dy doelen te realisearjen is in flinke doasis idealisme by de studinten in betingst. Der wurdt boppedat hurd wurke en stevich diskusjearre.
In protestboerd © Gerko Jonker
Yntusken dinderet de wrâld troch. De coronapandemy en de oarloch yn Oekraïne reitsje dizze studinten. Yn persoanlike flogs jouwe sy in iepenhertich ynkykje yn har libben, dêr't it der entûsjast, sykjend en yntellektueel oan ta giet, mar ek 'down to earth': der wurdt in protte lake.
Linnea © Gerko Jonker
Yn de trije ôfleverings fan 'Yes we can' komme kinst sjen hoe't de Ljouwerter ynternasjonals Lina, Linnea, Lea en Mariana mei posityf elan dy grutte missy oangean fan it kreëarjen fan in bettere wrâld.
Programmamakker Annet Huisman oer de dokumintêrerige