Nederlânske follybalsters mei Marrit Jasper útskeakele foar kwartfinalen WK

© ANP
De Nederlânske follybalploech mei Marrit Jasper fan Snits is op it WK útskeakele foar de kwartfinalen. De ploech fan bûnscoach Avital Selinger ferlear yn trije sets fan Brazilië mei 3-0.
Troch it ferlies kin Oranje net mear by de fjouwer bêste lannen yn de groep einigje. Op it lêste WK yn 2018 einige Nederlân noch as fjirde. Mar de hjoeddeiske ploech koe it net oprêde tsjin lannen as Italië, Sina en Brazilië.
Nederlân slút snein de twadde ronde fan it WK yn eigen lân ôf tsjin Japan. Mar mei dizze wedstriid is in fjirde plak yn de pûl net mear helber.