Soad plysjes previntyf oan it fûllearjen yn Ljouwerter binnenstêd

© Kappers Media
Yn Ljouwert binne tsientallen plysjeminsken yn aksje om minsken prevityf te fûllearjen. De aksje soe benammen op wapens rjochte wêze. Oft it fûllearjen al wat opsmiten hat, is net bekend makke.
De plysjeminsken binne op ferskate en wikseljende lokaasjes yn de binnenstêd oan it fûllearjen. Neist foarbygongers wurde ek auto's oan de kant set foar in kontrôle op yllegaal guod.