Peer Gynt wint Gouden Gurbe foar bêste iepenloftspul en haadrol

Lucas van Dijk as Peer en Tineke Nicolai as de mem fan Peer © Sake Beerstra
It iepenloftspul Peer Gynt fan Masquerade Theater hat de Gouden Gurbe foar bêste iepenloftspul fan 2022 wûn. Lucas van Dijk, dy't de Peer Gynt spilet yn dat iepenloftspul, krige boppedat de Gouden Gurbe foar bêste haadrolspiler.
Utrikking Gouden Gurbes
De sjuery neamt it stik fan it jongereinteäter, regissearre troch Job de Roo, "een mooie en heldere bewerking van de Noorse toneelklassieker Peer Gynt." De sjuery bestie út Wim Vervoort, Simone Montsma en Jojanneke Braam.
Sy fine dat de nije lokaasje fan de toanielploech tige goed paste by it ferhaal oer Peer dy't fan alles belibbet. "Er wordt vlot en met overtuiging geacteerd, gezongen en gedanst."
De lokaasje oan de Blauhúster Puollen © Henk te Biesebeek
It iepenloftspul Vinea Domini Sylkampen hat de Gouden Gurbe foar foarmjouwing wûn. Dat hie neffens de sjuery alles te krijen mei de unike lokaasje, yn de natuer fan de Blauhúster Puollen. "Precies op de plaats waar het verhaal uit het begin van de jaren zestig van de vorige eeuw zich afspeelt."
De sjuery neamt it dekôr fan it iepenloftspul "één groot pleidooi om bij iepenloftspullen vaker op zoek te gaan naar uitdagende, passende locaties."
© Omrop Fryslân
De Gouden Gurbe foar bêste byrol wie Mayte Veenstra in it stik De Jacht. Sy makke yndruk op de sjuery. "Het wordt dus tijd dat iemand haar een hoofdrol toebedeelt", seit de sjuery deroer.
De Gouden Gurbes binne de Oscars fan de iepenloftspullen en wurde útrikt troch de Leeuwarder Courant. Sechstjin jier lyn is de priis betocht troch de kultuerredaksje. De Gouden Gurbes ferwize nei Gurbe, it boerke dat yn de krante kommentaar joech op it nijs.
De ekstra priis, in Gurbe dêr't gjin inkeld fêst kritearia foar is, giet nei feriening De Trochknallers út Makkum. "Het was voor de jury een belevenis die je bijblijft, de mix van theater en autocross."

Publykspriis

De publykspriis is nei Troch de Raarderbosk fan it Berne-Iepenloftspul Easterwierrum gien, in eigen ferzje fan de musikal Into the woods. Foar de publykspriis binne hast 17.000 stimbriefkes ynlevere.