Fûgelgryp yn Wâlterswâld konstatearre by lytser bedriuw mei sierwetterfûgels

© Omrop Fryslân, Daniël de Boer
Yn Wâlterswâld is de fûgelgryp fêststeld by in lytser bedriuw mei fûgels. Om besmetting foar te kommen binne der hûnderten sierwetterfûgels troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) romme.
Yn in sône fan trije kilometer om it bedriuw hinne stiet ien bedriuw mei plomfee, dy lokaasje sil ek ûndersocht wurde op de oanwêzigens fan fûgelgryp. Yn in sirkel fan tsien kilometer om it bedriuw hinne lizze yn totaal 11 plomfeebedriuwen. Foar dit gebiet jildt fuortendaalks in ferfiersferbod.
Sûnt woansdei is der in lanlike ophok- en ôfskermplicht fan krêft, ôfkundige troch minister Piet Adema. Dat hat te krijen mei de oplibbing yn de fûgelgryp dy't it ministearje konstatearret op dit stuit.