Plysje hat strang petear hân mei jonges dy't yn Frjentsjer mei stikelbargen fuotballen

Ien fan de stikelbargen dêr't mei fuotballe is © Stichting Dierenambulance De Waadhoeke
De plysje hat de jonkjes fûn dy't ôfrûne moanne yn Frjentsjer mei in nêst fan seis stikelbarchjes oan it smiten en fuotbaljen wiene. Neffens de plysjes binne de jonges fan om de njoggen jier âld flink skrokken fan wat der bard is.
In oar jonkje wie tsjûge fan it ynsidint en hie in stikelbaarch mei nei hûs naam. Syn mem is doe nei de oare jonkjes gien om mei har te praten en de ferwûne stikelbarchjes te sykjen.
De stikelbarchjes binne nei de diere-ambulânse brocht, sy binne opfongen by de Fûgelhelling yn Oerterp. De plysje ferklearret goed mei de jonkjes praat te hawwen. Ek de âlden fan de bern wiene dêr by. Mei de petearen is de saak ôfdien, sa lit de plysje witte.