Tineke Huizinga beëage listlûker foar ChristenUnie yn de Earste Keamer

Tineke Huizinga fan It Hearrenfean © ANP
De ChristenUnie hat Tineke Huizinga fan It Hearrenfean op it each as listlûker yn de Earste Keamer. Huizinga sit sûnt 2019 yn de Earste Keamer en is dêr sûnt ferline jier ek fraksjefoarsitter.
Huizinga wie earder al lid fan de Twadde Keamer, steatssekretaris en minister. Mar it is foar it earst dat sy lanlik listlûker wurde kin foar de ChristenUnie.
De kandidatelist foar de Earste Keamer moat noch bepraat wurde op it kongres fan de ChristenUnie op 26 novimber. Dan wurdt de list offisjeel fêststeld.
De seleksjekommisje fynt dat Huizinga har funksje as fraksjefoarsitter mei gesach ynfollet en is bliid mei it 'politike hânwurk' fan Huizinga.
De 62-jierrige Huizinga is berne yn Wâlterswâld en groeide op yn Amersfoort. Yn de jierren 80 ferhuze sy nei It Hearrenfean, dêr't sy ek yn de gemeenteried siet. Nei fjouwer jier makke sy yn 2002 de oerstap nei Den Haag.