Aldeboarn wol wer in supermerk: "Oars moatte wy op ús âlde dei noch ferhúzje"

De supermerk yn Aldeboarn © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Aldeboarn wol in eigen supermerk werom yn it doarp. Yn septimber gie de âlde supermerk Centerrr ticht om't it net mear út koe. Foar guon doarpsbewenners in grutte tebeksetter, dy't no mooglik sels ferhúzje wolle.
"It is foar ús in grut probleem dat de supermerk fuort is," seit Gerrit Hofstra. Hy wennet al jierren yn Aldeboarn, mar wol no mooglik dochs ferhúzje. "Myn frou en ik binne net sa mobyl mear, op ús leeftiid. Dochs moatte wy nei Akkrum om boadskippen."
Dat is 'mar' sa'n fiif kilometer. Mar as je net mear fytse of autoride kinne, dan is dat in ein. Hofstra: "Myn frou hat gjin rydbewiis mear en dus binne wy ôfhinklik fan oaren. Dat is net wat wy wolle en dat moat echt oars. Op ús âlde dei ferhúzje is ek net wat wy wolle."
Gerrit Hofstra fan Aldeboarn © Omrop Fryslân
It doarp slacht de hannen yninoar en siket nei in oplossing. Doarpsbelang fernimt op ferskate ynformaasjejûnen dat de animo foar in nije supermerk grut is.
"Der lizze in soad ideeën foar in nije supermerk", seit Jacqueline Brauwers fan Pleatslik Belang Aldeboarn.

Opsjes op tafel

It hoecht net hiel grut te wurden, tinkt sy. "It kin bygelyks ek in soarte fan to-go winkeltsje wurde. Dat minsken de boadskippen ôfhelje kinne. Der lei ek it idee fan in SRV-wein en dan binne wy ek al holpen. It moaiste soe wêze om de échte supermerk werom te krijen, want der is animo genôch foar."
Aldeboarn wol in nije supermerk
Dochs is der mear nedich as allinnich animo. De supermerk moat ek rendabel wêze. De âlde supermerk fernaam dat der te min klanten wiene en de kosten wiene te heech. "Dat is fansels wol in punt dat wy yn de gaten hâlde," seit Brauwers. "Wy moatte nei de kosten sjen, want it kin ek gjin goed doel wêze om de supermerk iepen te hâlden. Der moat wol in echte ûndernimming fan makke wurde."
Jacqueline Brauwers fan Pleatslik Belang Aldeboarn © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dat is noch in dreech ferhaal, mar mooglik binne der wol stappen set troch it doarp. "Foarhinne giene wy te min nei de supermerk hjir, gewoanwei om't dy te djoer is. No fernimme wy dat de supermerk wol echt mist wurdt. It is mear as allinnich in ûndernimming. It is ek it moetingsplak fan it doarp en bringt libben. Dêr binne wy no allegear wach fan."

Noch net oan wend

"It soe hiel moai wêze as der wer wat komt," seit doarpsbewenner Arie Postma. "Dy oare is no twa wiken ticht, mar ik kin der net oan wenne. It is sa stil op strjitte. Der moat wer libben yn de brouwerij komme."
Ynkoarten hopet doarpsbelang in oplossing te finen foar in nije supermerk.