Strân It Amelân erodearret fluch, Rykswettersteat moat wer nij sân oanbringe

It strân fan It Amelân út de loft wei © ANP
It strân fan It Amelân hat by peal 2 te krijen mei flinke eroazje. It strân is dêrtroch in stik smeller en leger wurden. Rykswettersteat sil dêrom 3 miljoen kubike meter nij sân oanbringe yn it neijier fan 2023.
Oant dy tiid is de kâns op dúnôfslach by heechwetter en stoarm grutter. Neffens Rykswettersteat wie it net mooglik om de saneamde sânsuppleesje earder út te fieren.
Jan Visser fan Rykswettersteat neamt it in komplekse, autonome ûntwikkeling. In soad faktoaren hawwe ynfloed op de slitaazje fan it strân, lykas de wetterstannen, streaming, weachhichte en stoarmen.
Jan Visser fan Rykswettersteat
De ûntwikkeling fersnelt op It Amelân, dat makket de kâns op skea fan de bûtenste rige dunen grutter.

Mooglik skea oan strânpaviljoen

Der wurdt rekken mei holden dat der troch de dúnôfslach skea oan de strânoergong en strânpaviljoen Sunset ûntstean kin. Der kinne ek hichteferskillen fan meardere meters yn de dunen ûntstean. Minsken wurde warskôge om der net te tichteby te kommen.
Visser tinkt ek dat in flink stik efter it paviljoen ferdwine sil. As de slitaazje trochset, moatte der mooglik alternativen socht wurde moatte om paviljoen en strân berikber te hâlden.
De gemeente Amelân kin de strânoergong slute as de feiligens fan besikers net mear garandearre wurde kin. Sawiesa is it advys om by stoarm en heechwetter net it strân op te gean.

Stoarmen de oarsaak?

Yn 2019 hie Rykswettersteat tusken peal 1 en 4 ek al 2,5 miljoen kubike meter sân oanbrocht, mar by peal 2 is dat allegear alwer ferdwûn.
Dat de kust by peal 2 sa fluch erodearret, hie Rykswettersteat net ferwachte. Mooglik binne de stoarmen yn it foarjier fan 2022 dêr de oarsaak fan. Dy hawwe soarge foar hege wetterstannen.