De brânwachtkazerne fan de takomst is in mienskipssintrum

De kazerne fan de brânwacht fan Harns © Veiligheidsregio Fryslân
De kazerne fan de takomst wurdt in mienskipssintrum. Sa moat de brânwacht noch mear ûnderdiel wurde fan de mienskip. Dat stiet yn de takomstferkenning fan it korps yn Fryslân.
De brânwacht moat de taakopfetting nei de takomst ta ferbreedzje, sa seit adjunkt-kommandant Marinus van der Velde. Hy sjocht dat in soad foarsjennings út de doarpen ferdwine. In kazerne moat dêrom dan ek mear in mienskipssintrum wurde. "Dat is iets waar we misschien als brandweer echt aan moeten wennen."
Van der Velde sjocht dan bygelyks nei hoe't kazernes yn de Feriene Steaten funksjonearje. Dêr binne se folle mear woartele yn de mienskip. "Pinautomaten zijn weg, winkels gaan dicht en er is geen postkantoor meer. Dan is de brandweer daar de enige overheidsinstelling." Dêr moat gebrûk fan makke wurde, sa tinkt Van der Velde. "We hebben 66 korpsen in Fryslân, 65 daarvan bestaan geheel uit vrijwilligers. Het korps wordt gedragen door de gemeenschap."

Ynset technology

It is de reden dat der no sjoen wurdt nei hoe't de brânwacht der yn 2030 útsjen moat. "We moeten meegroeien, want het gaat er ook voor ons anders uitzien. We zijn nu bekend en gewaardeerd en dat moet zo blijven, ook in de toekomst." Dat is benammen nedich om dan ek genôch frijwilligers te hâlden.
Dêrneist wurdt ek sjoen nei wat technology dwaan kin. Van der Velde: "Denk dan aan robotisering of de inzet van andere technische hulpmiddelen. Kan een drone bijvoorbeeld op plekken blussen waar wij lastig kunnen komen? Ook dat is onderdeel van de toekomstverkenning."