Súdwest-Fryslân sil meitinke oer oplossing foar oerlêst wetterplanten yn de Súdwesthoeke

Wetterplanten yn de Skraarder Feart © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân sil yn in nije wurkgroep meitinke oer in oplossing foar de eksplosive groei fan wetterplanten yn de fearten yn de Súdwesthoeke. Wettersportûndernimmers út de omkriten fan Makkum hawwe bot ûnder de planten te lijen.
Tongersdei wie der in gearkomste mei ûnder mear ûndernimmers, pleatslike belangen, Wetterskip Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân. Ek Team Alg, de groep dy't yn aksje komt tsjin de wetterplanten siet derby.

Nije wurkgroep

"Wy binne hiel bliid mei it resultaat", fertelt Martin de Jong fan de aksjegroep. "Wethâlder Henk de Boer fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat tasein dat der serieus nei it probleem sjoen wurde moat."
Der wurdt no in wurkgroep oprjochte mei meiwurking fan de gemeente en Wetterskip Fryslân om de problemen yn kaart te bringen en nei in oplossing te sykjen.

Oplossing noch net foar hannen

De aksjegroep sjocht wol wat yn it útbaggerjen fan de fearten. "Dan komme de fearten wer op djipte. Dan komt der minder ljocht op de boaiem, sadat de planten minder groeie kinne", seit De Jong.
Op de gearkomste fan tongersdei wie ek in spesjalist op it gebiet fan it meanen fan wetterplanten. Dy joech de oanwêzigen wol in wichtich ynsjoch. "No dogge we faak: jûpsty, ôfmeane en op de kant smite. Dan bliuwe der in protte planteresten efter. Mar elts stikje dat yn it wetter oerbliuwt, wurdt wer in plantsje."
No moat earst de wurkgroep fierder stal krije. In oplossing foar de fearten is foarearst dan ek noch net foar hannen. "We wolle in duorsume en langduorjende oplossing en dat is net yn twa, trije moannen beslikke. Alles hinget fan it jild en de belutsen partijen ôf. Je hawwe ek net fuort alle hannen op elkoar", seit De Jong.