ROC Friese Poort biedt fergees menstruaasjeprodukten oan

Manager Jolanda Brouwer, studinte Dieuwke Bosje en Alice Muller fan it kolleezje fan bestjoer © ROC Friese Poort
ROC Friese Poort biedt studinten en meiwurkers sûnt koart fergees menstruaasjeprodukten oan. Want it is net foar elts fanselssprekkend om tampons, moanneferbân en menstruaasjecups keapje te kinnen.
Oanlieding foar it oanbieden wie in ûndersyk, dêr't út bliken die dat ien op de tsien famkes de finansjele middels net hat om menstruaasjeprodukten te keapjen. Op ROC Friese Poort giet it om sa'n 900 froulju. Gefolch kin wêze dat sy thúsbliuwe fan skoalle of wurk.

"Dit hie folle earder moatten"

De skoalle hat dêrom op alle lokaasjes kastkes ophongen, dêr't elts fergees wat út pakke kin. Manager en inisjatyfnimmer Jolanda Brouwer seit al in soad positive reaksjes krigen te hawwen. "Se sizze: 'wat geweldich, dit hie al folle earder moatten'. Ek binne der kollega-skoallen dy't oanjouwe soks ek wol te wollen."
Neffens Brouwer hearsket der in taboe op it probleem. "Der kaam wolris ien nei de resepsje foar menstruaasjeprodukten, mar der waard net oer praat. Troch it ophingjen fan de kastkes, besykje we it taboe te trochbrekken."
De skoalle krijt de produkten ek fergees, dy wurde levere troch it Armoedefonds. ROC Friese Poort krige fierder advys fan Stichting Bloody Basics, dy't him ynset foar de tagonklikens fan sokke produkten foar froulju en famkes.

Ek foar mem of sus

De learlingen kinne safolle pakke as se nedich hawwe. "Meist genôch meinimme, ek foar bygelyks in mem of in suske." Brouwer is net benaud dat der misbrûk fan makke wurde sil. "We dogge it no trije wiken en de kastkes wurde net leechrôve. De minsken dy't it nedich hawwe, pakke it."
Friese Poort is it earste mbû yn Fryslân mei sa'n útjeftepunt. De skoalle hopet dat oare skoallen it foarbyld folgje.
Fierder wiist ROC Friese Poort derop dat studinten mei finansjele noed terjochte kinne by harren SLB'ers, in soart mentoaren. Der binne mooglikheden foar mear stipe, lykas it Mbo Studentenfonds. De skoalle sil foarljochting mooglik meitsje troch it Student Service Centrum en der is ek in oanrinsprekoere yn gearwurking mei de gemeenten.