Biografy Fryske skriuwer Trinus Riemersma mei in fernijde Reade Boarre

'De Reade Bwarre' is no útbocht ûnder de titel 'De Reade Boarre' © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
'De Reade Bwarre' troch Trinus Riemersma waard by ferskining troch guon sjoen as in hichtepunt yn de Fryske literatuer. Mar in soad minsken koene it boek net lêze fanwege de ôfwikende stavering. No komt der in ferzje út yn it Standertfrysk, plus in biografy fan de skriuwer.
Doeke Sijens hat de biografy fan Trinus Riemersma skreaun en skriuwster Jetske Bilker hat de omstaving ta 'De Reade Boarre' foar har rekken naam. Beide boeken steane sintraal op in spesjale Trinus Riemersmadei op 22 oktober yn Frjentsjer, organisearre troch de Akademy fan Frjentsjer.

Fan 'Bwarre' nei 'Boarre'

Riemersma hat syn ferneamde roman 'De Reade Bwarre', dêr't er yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar krige, yn syn eigen stavering skreaun. Dy wykt bot ôf fan it gongbere Frysk.
"Trinus hat it opskreaun sa't er it sels útspruts. En hy prate Ferwerters, dus sa is it ek yn it boek kaam", fertelt Jetske Bilker.
Foar in soad lêzers wie dat reden om net oan it boek te begjinnen, wylst 'De Reade Bwarre' wol sjoen waard as in literêr masterwurk. "Dreech om te lêzen, mar nei tweintich siden komme je der wol in bytsje yn."

"Prachtich boek"

Om 'De Reade Bwarre' no wol beskikber te meitsjen foar in breed lêzerspublyk hat Jetske Bilker it boek omstavere yn Standertfrysk.
"Dat is tige wichtich. Ik bin in hiel soad minsken tsjinkaam dy't seine: ik woe der eartiids net oan begjinne fanwege it drege Frysk. Mar as it der aanst is, sil ik it lêze, want it is een prachtich boek", seit Bilker.
De nije útjefte wurdt op sneon 22 oktober presintearre op in spesjale Trinus Riemersmadei yn teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer.
Riemersma by syn promoasje mei links Josse de Haan en rjochts Alex Riemersma © Jakkelien Vollebregt, Nationaal Archief
Riemersma (1938 Ferwert - 2011 Ljouwert) wie in alsidich man. Hy hat sa'n tweintich romans skreaun en seis ferhalebondels. Fierders ferskynden der ek noch in stikmannich dichtbondels en toanielstikken fan syn hân.

Stavering

Nei in lange tiid skoalmaster west te hawwen, waard Riemersma wittenskiplik meiwurker oan de Frije Universiteit yn Amsterdam.
Hy siet by de subfakulteit Frysk, dêr't Tony Feitsma yn dy tiid professor wie. Frou Feitsma wie ek dwaande mei har eigen stavering en doe't der yn 1980 in staveringsferoaring kaam yn it Frysk gie Riemersma fierder yn syn eigen stavering. Letter kaam er werom by de offisjele stavering.
Riemersma promovearre yn 1984 oan de VU op de boereroman. Syn proefskrift hiet 'Proza van het platteland.'
Dit programma fan Omrop Fryslân út 2003 giet ûnder oare oer Riemersma: