Heechlearaar Goffe Jensma mei pensjoen, mar net gerêst op takomst stúdzje Frysk

Goffe Jensma © Omrop Fryslân
Goffe Jensma, heechlearaar Frysk, makket him soargen oer de takomst fan de stúdzje Frysk yn Grins. Jensma giet sels mei pensjoen. Mei mingde gefoelens, want in opfolger is noch net beneamd.
Jensma hat syn keamer by Rijksuniversiteit Groningen dizze wike ûntromme fanwege it emeritaat. "Ik die de doar ticht en de keamer wie leech. Dan binne je sels ek in bytsje leech. It wie perfoarst gjin noflik gefoel."
Hy hat ek gjin noflik gefoel oer de takomst fan de stúdzje Frysk. "Ik bin der net gerêst op dat it nei myn fuortgean goed komt."

Yn breder ûnderwiis

Doe't Jensma begûn wie it Frysk yn Grins noch in selsstannige universitêre stúdzje. Hjoed-de-dei is it Frysk ûnderdiel fan de bredere stúdzje 'Minorities and Multilingualism.'
Dizze ferbreding biedt kânsen, mar is neffens Jensma ek in risiko. "Meartaligensûnderwiis kin noait it plak ynnimme fan ûnderwiis yn en fan it Frysk, op akademysk nivo." Jensma hat sels oan de widze stien fan de bredere stúdzje.
It Akademygebou fan Rijksuniversiteit Groningen © Shutterstock.com (Sander van der Werf)
Dy stap wie doe nedich om in stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins oerein te hâlden. Dy stie yn 'e kiif fanwege de beskieden oantallen studinten.

Te min romte foar folweardige stúdzje

Mar nei ferrin fan tiid waard neffens Jensma dúdlik dat der ek neidielen sitte oan 'Minorities and Multilingualism.' It gefolch fan de brede oplieding is dat net allinnich de studinten, mar ek de dosinten út hiel Europa komme.
"Dêrtroch driicht in werkenber stikje Frysk oan de universiteit te ferdwinen. Om it Frysk op peil oan te bieden hawwe je in ploech minsken nedich mei kennis fan alle fasetten fan it Frysk, lykas de skiednis, de literatuer en it Aldfrysk."
Jensma fynt dat der op dit stuit eins te min romte en tiid is foar in folweardige universitêre stúdzje Frysk.
Goffe Jensma © Omrop Fryslân
De bûtenlânske dosinten hawwe neffens Jensma ek gjin ferbining mei de Fryske mienskip. "Sy hâlde mear ôfstân. De oplieding is dêrtroch yn in ivoaren toer telâne kaam."
As foarbyld neamt Jensma de saneamde 'dialectbus', dêr't de stúdzjerjochting mei troch de provinsje reizget. "Studinten freegje de minsken dan: kunt u een paar woorden Fries of Gronings spreken? Dêroer ferskynt dan letter in publikaasje yn it Ingelsk."
RUG / Campus Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn 2020 makke Goffe Jensma yn oparbeidzjen mei de stúdzje Frysk fan NHL Stenden in wiidweidich plan foar in masterstúdzje Frysk oan Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit yn Ljouwert. "Wy krigen dêr in hiel soad stipe foar. De provinsje wie ek ree om dat te subsidiearjen."
It kolleezje fan bestjoer fan de Ryksuniversiteit wiisde it plan lykwols ôf, om't it te min studinten lûke soe. Jensma is it dêr noch hieltyd net mei iens.
Goffe Jensma
Jensma seit: "Frysk sil noait in hiel soad studinten lûke. Mar as der eksterne finansiering foar is, hoecht dat dochs gjin probleem te wêzen? Wêrom soe soks net bestean kinne? Ik haw noait antwurd krigen op dy fraach."

It ferlet is der wol

Neffens Jensma is der yn Fryslân ferlet fan minsken mei kennis fan taal, skiednis, literatuer en erfgoed. Bygelyks foar funksjes yn de sjoernalistyk of by de ferskate Fryske ynstellingen. Jensma fernimt yn alle gefallen dat syn âld-studinten frij maklik oan it wurk slagje en it faak ek goed dogge op harren wurkplak.
Yn de Fryske ynfrastruktuer is ferlet fan minsken dy't goed Frysk skriuwe kinne en kritysk neitinke kinne.
Goffe Jensma, heechlearaar Frysk
Jensma is noch hieltyd fan betinken dat der in masterstúdzje Frysk komme moat yn Ljouwert. "Yn de Fryske ynfrastruktuer is ferlet fan minsken dy't goed Frysk skriuwe kinne en kritysk neitinke kinne."
Goffe Jensma © Omrop Fryslân
Jensma neamt it 'beskamsum' dat de Friezen yn de lieding fan de universiteit, lykas Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer, harren net mear ynspanne foar de stúdzje Frysk.

Ofskied en opfolging

Jensma hat fanwege de drege ferhâlding mei de lieding fan fakulteit en universiteit besletten om ôf te sjen fan in offisjeel ôfskied op de universiteit.
Der komt wol in ôfskied yn it Provinsjehûs oan 'e ein fan it jier. De provinsje Fryslân draacht struktureel finansjeel by oan de heechlearaar Frysk yn Grins en hie sadwaande ek in direkte relaasje mei Jensma.
De foarljochtingsôfdieling fan Rijksuniversiteit Groningen lit yn in reaksje witte dat der wurke wurdt oan de opfolging fan Jensma. De fakulteit Letteren stribbet der nei om noch dizze moanne bekend te meitsjen wa't de nije heechlearaar Frysk wurdt.