Steatefraksjes freegje har ôf oft 'Fryske stikstofoanpak' noch hâldber is

It Provinsjehûs fan Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Steatefraksjes fan GrienLinks, Partij voor de Dieren, SP en D66 wolle dat de provinsje Fryslân op 'e nij sjocht nei de Fryske stikstofoanpak. Neffens de partijen is it mar de fraach oft dy oanpak noch adekwaat is.
Dat plan is ferline jier fêststeld, mar neffens de partijen is it mar de fraach oft de oanpak noch adekwaat is. Oanlieding is fansels de presintaasje fan it rapport mei de advizen fan Johan Remkes.
Dêrom pleitsje de partijen foar in kommisjedebat, om te sjen oft de oanpak noch hâldber is en net op 'e nij fêststeld wurde moat.
Fryslân mei dan in eigen plan lutsen hawwe yn de stikstofkrisis, as de wet feroare wurdt, dan moat ek Fryslân him dêr oan hâlde. Dat wie it boadskip fan minister Christianne van der Wal foar Stikstof doe't sy moandei op wurkbesite wie yn Nij Beets.
Johan Remkes, Christianne van der Wal en Piet Adema © ANP
Provinsje Fryslân gie út fan in stikstofreduksje yn 2035. Boppedat wie de bedoeling dat benammen yn de súdeasthoeke de útstjit omleech moast en dat yn de rest fan Fryslân minder reduksje nedich wie. Mar Van der Wal joech oan neat te sjen yn de Fryske oanpak.

Mear gong efter sette

De fjouwer Steatefraksjes fine dat ek Fryslân mei moat yn de ambysje om yn 2030 de stikstofdelslach al mei de helte werom te bringen. De kommisje soe dêr oer prate moatte, sa't der oanbefellings oan it kolleezje dien wurde kinne.