Rjochter wiist beswieren ôf: bou doarpsmûne Tsjom kin foarearst fierder

It doarp Tsjom © Shutterstock.com (Pedal to the Stock)
De bou fan de doarpsmûne yn Tsjom kin foarearst trochgean, dat hat de Ried fan Steat bepaald yn in foarriedige útspraak. Trije tsjinstanners woene mei in spoedsitting in streek troch de fergunning sette.
De bou fan de doarpsmûne is al úteinset, mar de trije omwenners besochten in boustop foarinoar te krijen. De rjochter hat it fersyk lykwols ôfwiisd. De omwenners binne benaud foar lûdsoerlêst en slachskaad, mar de rjochter fynt har belangen net swier genôch weagjen.
Gemeente Waadhoeke hat in fergunning ferliend oan de Coöperatie Tzummer Organisatie voor Energie in de Regio (TOER). De nije mûne kostet 1,5 miljoen euro en krijt in mêst fan 45 meter heech en in tiphichte fan 76,5 meter.
De opbringsten fan de wynturbine geane nei de lokale mienskip. De bedoeling is om de mûne op 26 oktober yn gebrûk te nimmen. Der binne 530 húshâldens lid fan de koöperaasje.
De útspraak fan de rjochter is foarriedich, der folget noch in boaiemproseduere foar in definitive útspraak oer de fergunning.