Houtkachels binne net oan te slepen, brânwacht warskôget foar risiko's

© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Wa't no noch in houtkachel keapje wol foar fan 't winter, is by in soad houtkachelbedriuwen te let. Troch de hege gas-en enerzjyprizen is de ferkeap fan houtkachels eksplodearre. De wachttiid kin oprinne oant acht moannen.
Houtkachelbedriuw Janko de Jong op De Gordyk makket eigen houtkachels. Gewoanwei hawwe se in foarriedsje oan kachels, mar dat is dit jier net slagge.
"It is in gekkeboel. Net te leauwen hoefolle fraach oft der nei houtkachels is", fertelt Gjalt de Jong. Hy hat der wol in ferklearring foar. "It sil grif mei de oarloch yn Oekraïne te krijen hawwe. Minsken wolle ûnôfhinklik wêze en dus stappe se oer op hout."
Houtkachels binne net oan te slepen
De kachels foar it bedriuw wurde produsearre yn Poalen. Mar tsjin de grutte fraach falt net te produsearjen. "Dan komt der wer in frachtwein mei twahûndert kachels en de oare dei binne sy allegearre fuort. Der is alle kearen wer mear fraach, mar wy kinne net mear as mear meitsje."

Net sûnder risiko's

De brânwacht jout foarljochting foar it stoken mei houtkachels. "It jout waarmte, mar der sitte wol wat risiko's oan. In houtkachel moat op de juste wize brûkt wurde. Dat goed brûken hinget fan de persoan ôf", seit Anne de Jager.
Hy wurket by de risikobehearsking fan Brânwacht Fryslân en rjochtet him op brânfeilich libjen. "Wy rinne no nei de perioade ta dat it wat winter wurdt. Dan nimt it tal skoarstienbrannen ek wer ta."
De brânwacht wol minsken bewust meitsje fan it gebrûk fan in kachel. "Wat wy graach sjen wolle is dat minsken foar't se begjinne mei stoken de skoarstien goed skjinmeitsje litte. Dat sy op goede manier stoke en mei goed spul stoke", seit De Jager.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Neist krapte oan kachels, driget der troch de grutte fraach ek in tekoart oan stookhout. De brânwacht wol minsken warskôgje dat sy net alles samar yn de kachel smite kinne.
"Brûk hout dat goed drûch en sa skjin mooglik is. Gjin ferve hout. Bring it âlde kezyntsje fan buorman nei it stoart. Gjin oare rommel opstoke. Dat hat hielendal gjin doel."
Gjalt de Jong wit net hoe't it aanst komt mei de houtfoarried. "Yn Skandinavyske lannen hiest eartiids in grut oerskot. Ik bin hiel benijd hoe't no giet mei safolle fraach nei hout." Hy tinkt dat it hout en de kachels yn de takomst wol wat djoerder wurde sille.

Switserske metoade

De brânwacht advisearret minsken te stoken neffens de Switskerske metoade. De Jager: "De grutte blokken ûnderyn, en dan yn hieltyd lytsere blokken omheechbouwe. De lytste blokjes komme boppe-op te lizzen. Dan fan boppenôf oanstekke. Dêrmei ûntstiet in brantsje dat rêstich de kachel opwaarmet. En sa bliuwt it glês yn it kachelsrút ek moai helder."
Foar mear ynformaasje oer it gebrûk fan de houtkachel ferwiist de brânwacht minsken troch nei de webside Brandweer.nl.