Hearrenfean pakt plan foar iepenbiere húskes yn HogeNood-app wer op

Nedich moatte © Shutterstock.com (Yeti studio)
Op It Hearrenfean is de gemeente drok dwaande om plak te finen foar minsken dy't nedich nei it húske moatte. Undernimmers wurde aktyf frege om har húskes iepenbier beskikber te stellen fia de HogeNood-app.
It plan dêrfoar is al mear as twa jier âld. Yn septimber 2020 waard in moasje oannaam om yn de winkelgebieten te sjen nei de beskikbere foarsjennings. Mar troch de coronakrisis wie it dreech om ûndernimmers benei te kommen.
Yntusken hat de gemeente it foarnimmen wer oppakt. Hoareka, winkels en supermerken wurde frege om har húskes beskikber te stellen en it kenber te meitsjen mei in sticker en in oanmelding yn de HogeNood-app. Yn dy app binne lokaasjes te finen mei iepeningstiden, oanwêzige foarsjenningen en beoardielingen.
Wethâlder Sybrich Sytsma fan Hearrenfean
De gemeente jout sels ek it goede foarbyld troch it gemeentehûs iepen te stellen foar wa't nedich moat. "We hopen dat veel winkeliers en ondernemers zich aanmelden, dan krijg je een mooi dekkend netwerk van toiletten", seit wethâlder Sybrich Sytsma.
It Hearrenfean op de webside fan HogeNood © HogeNood
Der is ek tocht oer fêste lokaasjes dy't 24 oeren deis brûkt wurde kinne, mar dêr sitte mear heakken en eagen oan. Want it moat skjin holden wurde, der moat tafersjoch wêze, in geskikt plak fûn wurde en it kostet ek mear jild.
"Vooralsnog gaan we het op deze manier zoveel mogelijk faciliteren", seit de wethâlder dêrom. Yn oerlis mei de wurkgroep sintrumûntwikkeling wurde ûndernimmers frege om mei te dwaan.