Kapiteins en stjoerlju fan Doeksen oefenje ynsidinten op in simulator

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Kapiteins en stjoerlju fan Rederij Doeksen krûpe in pear dagen efter in spesjale simulator. Dêrmei moatte sy de boat feilich nei de haven bringe en traine sy op allerhanne senario's oan board.
De simulator is nij en komt fan de Maritieme Academie Harlingen. It giet om in pilot fan twa dagen. "De bedoeling is dat alle kapiteins en stuurlieden die op de snelboot varen op terugkerende basis deze training volgen. Dat zijn ongeveer twintig man", seit kapitein Gerard Pont.

Fan man oerboard oant motorútfal

Pont is ien fan de earste kapiteins dy't meidocht oan de training. "We doen het vaargedeelte bij Terschelling, Vlieland en Harlingen, maar we oefenen ook incidenten aan boord. Motoruitval, verwoningen, man over boord."
De bemanning fan Doeksen traint mei in simulator
Grutte foardielen binne dat de simulaasje brânstof en in soad wurk skeelt. "We oefenen ook in het echt, maar de praktijk is vaak toch lastig. Je moet een beschikbaar schip en een bemanning hebben. Op de simulator is het realistisch, dus het is zeker van toegevoegde waarde."
Gerard Pont © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Alles is sa realistysk mooglik neimakke foar de bemanning. Efter de skerms is in ynstrukteur dy't de sabeare ynsidinten opstarte kin en dêr't bygelyks ek mei belle wurde kin yn needgefallen.
"De scenario's zijn ongeveer twee jaar geleden geschreven, door corona is het enorm vertraagd", leit Pont út. "We hebben nu al zoveel leermomenten dat we de scenario's kunnen herschrijven."