Ljouwert wol flugge toetsing needopfang Heliconstate nei rjochtlike útspraak

Gemeente Ljouwert wit noch net oft Heliconstate foldocht oan alle easken dy't foar needopfang ôftwongen binne by de rjochter. It kolleezje hopet op in flugge toetsing, want it is de bedoeling dat flechtlingen op 17 oktober ferhúzje.
Neffens wethâlder Nathalie Kramers hat it COA yn Ljouwert al in goede stap set. "Het was precies de reden waarom we bij COA hebben aangedrongen op een nieuwe plek."
Kramers wit noch net krekt oft de útspraak fan de rjochter ek wat foar Heliconstate betsjut. "Als wethouder vluchtelingen moet ik het ook nog doen met wat we in de media lezen. Wij zijn heel benieuwd hoe dit wordt getoetst." Dat is oan it COA en de steatssekretaris, leit Kramers út.

De Nederlânske steat en it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) moatte maatregels nimme sa't de needopfang fan asylsikers oan ynternasjonale noarmen foldocht. Dat hat de rjochtbank bepaald nei in koart pleit fan Stichting Vluchtelingenwerk Nederland.
Vluchtelingenwerk wol dêrmei in minskweardige opfang foarinoar krije. Want dy opfang foldocht net oan de ynternasjonale ôfspraken yn de Europeeske Opfangrjochtline en it Ferdrach foar de Rjochten fan it Bern.
Minskweardige opfang
De eask wie dat asylsikers in ôfslútbere sliepkeamer krije, frije tagong ta sanitêr hawwe en dat der genôch iten is foar elts. Dêr gie de rjochter yn Den Haag yn mei. It regear en it COA moatte binnen njoggen moannen soargje fan sliepkeamers mei op syn minst fjouwer kante meter de persoan. Mei in doar, mei in raam.

De oanlieding wie de situaasje yn Ter Apel, dêr't flechtlingen nachts bûtendoar trochbrochten. Mar ek de opfang yn it WTC yn Ljouwert wie it net goed. Unicef oardiele yn maaie dat de húsfesting foar bern ûnder de maat is.
'Al folle better as it WTC'
"Ook de gemeenteraad heeft al aangegeven dat het belangrijk is dat mensen een eigen slaapkamer hebben met privacy en goede voorzieningen", seit wethâlder Kramers oer de situaasje yn Ljouwert.
"Het ziet er al heel veel beter uit dan in het WTC, maar of de eisen van de rechter in Heliconstate voor honderd procent waterdicht zijn, weten we nog niet", moat sy tajaan. "Het is belangrijk dat het COA dat toetst. Dat horen we het liefst zo snel mogelijk, want we willen het goed doen."
Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert
It kolleezje fan Ljouwert hopet dat Heliconstate foldocht en dat de útspraak fan de rjochter de ferhuzing net yn it paad stiet.
Kramers hat lykwols betrouwen: "Ik hoop dat het helemaal niet aan de orde is. Wij zien dat er grote stappen worden gezet ten opzichte van de situatie in het WTC. Als ik zo door de oogharen heen kijk, komen we een heel eind."