Learkrêften fertsjinje in plomke yn tiden fan krapte en wurkdruk

It slagget noch net om de wurkdruk yn it ûnderwiis omleech te bringen. Ekstra Ryksjild docht fertuten, mar der is noch hieltyd personielskrapte. Fakbûn CNV set yn de wike fan it ûnderwiis skoallen en learkrêften yn it sintsje.
Carina Klinkvis set har bakfyts foar de Michaëlskoalle yn Ljouwert del. Yn de bakfyts gjin bern, mar wol in fruitpakket. It bûn wol op dizze wize de learkrêften in bytsje opmoedigje. "De werkdruk is nog steeds erg hoog. Wij vinden dan ook dat je de mensen voor de klas moet waarderen, in het zonnetje zetten."

De hiele dei 'oan'

De koer giet nei Michelle de Witte fan groep 4. "It fielt altyd goed om wurdearring te krijen", seit de juf fan klas 2, groep 4. De wurkdruk is heech: "Dat fielst om dy hinne ek oan kollega's. Dy ha it swier. Want ast foar de bern stietst, dan stietst de hele dei oan. De bern bliuwe yn 'e holle."
Fakbûn CNV set skoallen en learkrêften yn it sintsje
Wat helpe kin, sa seit de yntern begelieder fan de Michaëlskoalle, is minder administraasje. "Dêr giet in soad tiid yn sitten", sa seit Antine Tuininga. "As je dat fuorthelje kinne, krije je al mear tiid en minder wurkdruk."
Neffens Tuininga hat it ekstra jild dat yn de coronakrisis beskikber kaam is al holpen: "Wy hawwe dêr ekstra minsken fan oannimme kinnen. Dat helpt hiel bot."