Foar Burdaard is it gebou net hillich, mar de foarsjennings yn It Spektrum wol

It Spektrum yn Burdaard © It Spektrum Burdaard
Doarpshûs It Spektrum yn Burdaard hat finansjele problemen. As it sa trochgiet, is de skuld yn 2040 oprûn nei mear as 2,5 miljoen euro. De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân liet him woansdeitejûn yn it gebou byprate oer de situaasje.
It MFS-gebou yn Burdaard bestiet sawat alve jier. Al fan it begjin ôf oan fûn it doarp it te grut. Dat der in soad by komt, is ûnderwilens ek werom te sjen yn de finansjele sifers.
As der net gau wat dien wurdt, stiet it gebou aanst hielendal ûnder wetter. De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân liet him woansdeitejûn yn de teäterseal fan it gebou yn Burdaard byprate oer de situaasje.
Doarpshûs It Spektrum yn Burdaard hat finansjele problemen
It Spektrum is gjin gewoan doarpshûs, fertelt finansjele man Anton van den Beukel dy't it stichtingsbestjoer fan it MFS stipet. "Het is best wel bijzonder wat je hier ziet."
It is in kompleks bedriuw. Der is in teäterseal, fitness, in swimbad, in gymnastykplak, twa barromtes, in fuotbalkantine en klaaikeamers en in tennisbaan. It wurk wurdt dien troch frijwilligers.
Swimbad yn multyfunksjoneel sintrum It Spektrum yn Burdaard © It Spektrum Burdaard
Nettsjinsteande dy frijwilligers dy't it wurk om 'e nocht dogge, kin de skuld yn 2040 oprinne nei 2,5 miljoen euro en dat is dan ek noch de meast geunstige fariant.
Yn de berekkeningen binne de ûnwisse tiden fan tsjintwurdich net meinaam, mei ûnder oare de hegere kosten foar enerzjy en foar reparaasjes en boumaterialen.
Gemeenteried Noardeast-Fryslân lit him byprate yn MFS Burdaard oer finansjele situaasje sintrum © Ben de Jager, RTV NOF
Foar it doarp sels is it fierste grutte doarpshûs net perfoarst hillich, mar de foarsjennings dy't deryn sitte wol.

Foarsjenningen stean foarop

"It is allegearre hartstikke sneu. Eins is it kapitaalferneatiging, want it is betelle mei mienskipsjild. Mar it gebou moat der foar de foarsjenningen wêze en net oarsom. As wy de foarsjennings behâlde kinne en it gebou lytser moat, is dat foar ús gjin grut probleem", seit foarsitter Jaap Hiemstra fan Doarpsbelang Burdaard.
De gemeente is wol ree om te helpen. Wethâlder Aant Jelle Soepboer: "Wy wine ús der net foarwei en wolle as gemeente ús ferantwurdlikheid nimme om de foarsjenningen te behâlden."

Cruise-skip yn plak fan roeiboat

"Burdaard hat in gebou krige dêr't se net om frege hawwe. Fierste grut. It waard hjir jûn in cruise-skip neamd yn plak fan in roeiboat. It sil de gemeente sinten kostje. It giet hjir om in erfenis út it ferline. Ik wol gjin skuldigen oanwize, mar sjen hoe't we hjir mei-inoar útkomme."
Ein dit jier sil de ried yn debat oer de takomst fan it doarpssintrum yn Burdaard. Dêrnei moat yn maart takom jier it definitive beslút falle.