HEA! Lammekeuring op De Harkema

HEA! Lammekeuring op De Harkema
Rint-Jan Beiboer organisearret foar de alderearste kear in jongfeekeuring op De Harkema. Rint-Jan hat in klik mei geiten, want se binne eigensinnich en hy fynt dat se in prachtich karakter ha.
Hy is sels ek hiel grutsk dat it slagge is om dizze keuring te organisearjen, want it moast allegear op hiel koarte termyn. Syn hiele famylje helpt mei. Mem en beppe fine it bysûnder dat hy dit foar elkoar krigen hat.