Huzeprizen nimme lanlik flink ôf, mar Fryslân rint efter

In hûs dat te keap stiet © ANP
De huzeprizen binne yn it ôfrûne fearnsjier lanlik flink nei ûnderen gien. It giet om in priisdelgong fan 5,8 persint, dat is de grutste delgong dy't makelders ea metten ha. Yn Fryslân is de situaasje lykwols oars, seit Willem Donker fan de Fryske ôfdieling fan makeldersferiening NVM.
"Yn twa regio's gienen de huzeprizen yn it tredde fearnsjier net nei ûnderen: Fryslân en de omjouwing fan Delfzijl. Yn Fryslân gienen de prizen sels mei 0,3 persint omheech. Dat is frij opmerklik."

Omslachpunt yn augustus

Donker kin it wol ferklearje dat de situaasje yn Fryslân sa oars is as yn de rest fan it lân. "Yn de moanne augustus kaam it omslachpunt by ús. It binne fearnsjiersifers, dus per saldo hawwe we hjir noch net in priisdelgong."
It komt neffens Donker wol faker foar dat Fryslân wat efterrint. "As de prizen yn de Rânestêd omheech gienen, dan folgen wy yn Fryslân in healjier letter. As dat no wer sa is, dan soe it my net fernuverje dat we it kommende fearnsjier ek te krijen hawwe mei in priisdelgong."

Werom nei normaal

De priisdelgong hat neffens Donker te krijen mei de oprinnende gas- en enerzjyrekken. "Oant in healjier lyn wienen minsken allinnich mar dwaande mei de berekkening fan de hypoteeklêsten. No komt dêr by wat minsken eltse moanne oan enerzjy betelje moatte."
Dat de prizen nei ûnderen gean, is neffens Donker net in minne saak. "De situaasje fan de lêste twa, twaenheal jier wie fansels net normaal. No geane wy nei in situaasje ta dy't past by in gewoane merk. Dat perspektyf moatte we goed ûnder eagen hâlde."
"Der wurde wat mear wenten op de merk brocht, mar der binne minder minsken ree om op dit stuit in hûs te keapjen. De fraach-oanbodsituaasje liket wat mear yn balâns te kommen", stelt Donker.