Stedhûs yn Ljouwert ûntromme nei lytse brân troch it weibrânen fan farve

It stedhûs yn Ljouwert © CAMJO media
It Ljouwerter stedhûs is tongersdeitemoarn út foarsoarch ûntromme yn ferbân mei in lytse brân. Neffens in wurdfierder steane der no tsientallen minsken bûtendoar.
Skilders wienen dwaande farve fuort te baarnen oan de bûtenkant fan it stedhûs. Dêrby begûn der in stikje te smeulen. De skilders hienen it fjoer al gau ûnder kontrôle, mar de reek waaide nei binnen ta.
It alaarm gie dêrtroch ôf en eltsenien moast út foarsoarch it gebou út. Neffens in wurdfierder wie it krekt op dat stuit 'folle bak' yn it stedhûs. Der waarden in protte gearkomsten holden.