Stroomnet kin it net oan, hieltyd mear bedriuwen op slot

© ANP
Sechstsjin bedriuwen op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert kinne gjin nije dingen mear dwaan dêr't stroom by brûkt wurdt. It elektrisiteitsnet kin dat net oan kin. It probleem spilet ek op oare plakken yn de provinsje.
Mei de gemeente Ljouwert en netbehearder Liander wurdt socht nei in oplossing. Ien fan de ûndernimmingen dy't rekke is troch it tekoart oan stroom, is autobedriuw Haaima Hylkema op De Hemrik yn Ljouwert.
"Der leit hjir al goed twa jier in plan foar in wetterstofstasjon en in elektrysk oplaadstasjon, en ek foar in festiging fan fastfoodketen Burger King. We kinne net los en dat is tige ferfelend", seit direkteur Arne Brouwers fan it autobedriuw.
Op De Hemrik sitte 350 ûndernimmingen dêr't goed fiiftûzen minsken wurkje.

Mear plakken

It probleem spilet ek op oare plakken yn Fryslân. 'Met name in het gebied rondom Leeuwarden, Heerenveen, Drachten en Harlingen zijn de afgelopen jaren veel bedrijven verduurzaamd of uitgebreid.'
'Daarnaast zijn er nieuwe bedrijven opgestart. De vraag naar elektriciteit neemt in dit gebied sneller toe dan de uitbreiding van capaciteit van het elektriciteitsnet', sa lit Liander op de eigen webside witte.

Stroom weromleverje kin net

En dat is net it iennige knyppunt. Der komme hieltyd mear bedriuwen dy't sels enerzjy opwekke, mear as se sels ferbrûke. Dy stroom wolle se weromleverje oan it elektrisiteitsnet en dat slagget net.
'De elektriciteitskabels in de gebieden Noordoost-Friesland, de Waddeneilanden, Zuidoost-Friesland, Zuidwest-Friesland en de regio rondom Leeuwarden, zijn niet berekend op het leveren en op het grootschalig terugleveren van elektriciteit', ferklearret Liander.

Wachtlist

Op bedriuweterrein West yn Ljouwert spilet it kapasiteitsprobleem ek. Sûnt ferline jier juny kin it elektrisiteitsferdielstasjon dêr it net mear oan, fertelt regiomanager Wijnen fan Liander yn Fryslân. Fjirtjin bedriuwe kinne dêrtroch net de kapasiteit krije dy't se graach hawwe wolle. Se stean op in wachtlist en dat is hiel ferfelend, seit Wijnen.
In bedriuw dat yn oanbou is, biedt foarearst útkomst. In bio-LNG-sintrale hat mei Liander ôfpraat om yn pykoeren minder stroom ôf te nimmen, sadat oare klanten der gebrûk fan meitsje kinne.