Tornike Tsjakadoea ferliest yn tredde ronde op WK judo

Tornike Tsjakadoea © Orange Pictures
Tornike Tsjakadoea is al yn de tredde ronde fan it wrâldkampioenskip judo útskeakele. Yn Oezbekistan kaam hy krekt tekoart tsjin de Mongoal Ariunbold Enkhtaivan.
Tsjakadoea wie frijlotte foar de earste ronde en moast yn de twadde ronde tsjin Romain Picard út Frankryk. Picard krige in hansoku-make tsjin. Dat is in straf wêrtroch't je fuort de ferliezer fan de partij binne.

Fuortdûken wurdt fataal

Yn de twadde ronde moast hy tsjin Ariunbold Enkhtaivan út Mongoalië. Lang koe Tsjakadoea meikomme, mar hy krige in straf fan de skiedsrjochter fanwege fuortdûken en dy straf waard him fataal.
Tsjakadoea is no de nûmer 19 fan de wrâld, Enkhtaivan stiet seis plakken heger. Omdat Tsjakadoea al yn de tredde ronde útskeakele is, makket hy ek gjin kâns mear op in medalje fia de twadde kâns.
Tornike Tsjakadoea ferliest yn tredde ronde op WK judo
Ferline jier kaam Tsjakadoea op de Olympyske Spelen oant de striid om in brûnzen medalje. Dy ferlear hy doe krekt, hy einige as fyfde. Dizze útskeakeling op it WK sil fiele as in teloarstelling, want yn it foar tocht hy noch kâns te meitsjen op in medalje.
Letter dizze wike komme Sanne Vermeer (snein) en Natascha Ausma (tiisdei) noch yn aksje.