Reade Krús kollektearret net mear oan de doar, distrikt Fryslân fynt it spitich

Reade Krús © ANP
It Reade Krús sil fan takom jier ôf net mear by de doarren del mei kollektebussen. De opbringsten rinne al jierren werom. By de Fryske ôfdieling fine se dat spitich, want dêr giet de delgeande trend minder hurd.
"De landelijke opbrengsten zijn in de laatste tien jaar enorm gedaald: tien jaar geleden haalden we nog 1,8 miljoen en afgelopen jaar zaten we op 315.000 euro", seit Véronique Huismans fan distrikt Fryslân fan it Reade Krús.
De kosten foar it kampanjefieren koenen dêrtroch net mear út en it waard hieltyd lestiger om frijwilligers te finen om mei kollektebussen by de doarren del te gean. Dêrom besleat de helpferlieningsorganisaasje om der mar mei op te hâlden.

Sykje nei alternativen

Huismans fynt it spitich dat dit beslút naam is, omdat it yn Fryslân net sa min gie. "De opbrengsten zijn in Fryslân ook wel gedaald, maar niet met zulke grote cijfers als landelijk."
Omdat it Reade Krús wol jild nedich hat, wurdt der no neitocht oer it op oare wizen sammeljen fan fûnsen. "Een alternatief zou kunnen zijn dat we iets aan de deur verkopen of dat we een actieweek houden waarin mensen fondsen proberen te werven."