Farmers Defence Force net tefreden oer advys Remkes: "Yn it rapport stiet neat nijs"

Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force © ANP
Boere-aksjegroep Farmers Defence Force is net tefreden mei it rapport fan 'stikstofbemiddeler' Johan Remkes. "Der binne moaie wurden brûkt, mar ast goed nei it rapport sjochst, stiet der neat nijs", seit wurdfierder Sieta van Keimpema.
Farmers Defence Force kaam woansdeitejûn gear oer hoe't it no fierder moat. Neffens Van Keimpema wie de sfear ûnder de oanwêzigen 'ûngerêst'.

"Plattelânskultuer wurdt opblaasd"

"Der siet gjin konkrete iepening en ek gjin perspektyf yn it rapport. Dêr hienen wy wol op hope", seit Van Keimpema. "Der waard sein dat der takomst is foar de lânbou, mar dat sjoch ik net werom."
Neffens Van Keimpema is de wichtichste reden om de stikstofútstjit werom te bringen net in opbetterjen fan de natuer, mar de mooglikheid om boufergunningen ôf te jaan. "Dat betsjut net allinnich wat foar de lânbou, mar ek foar ús plattelânskultuer en -ekonomy."
De wurdfierder fan Farmers Defence Force ropt dêrom eltsenien op om it rapport goed troch te lêzen. "It is net in rjochtfeardich ferhaal. It giet net nei in oplossing, mar nei it opblazen fan de hiele plattelânskultuer."

Minsklike maat

Boer Warner van der Leeuw fan Nij Beets sjocht der dochs wat oars nei. "Ik bin foarsichtich posityf. Remkes hat it kabinet de opdracht jûn om mei de minsklike maat oan de slach te gean."
Boer Warner van der Leeuw © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Van der Leeuw is bliid dat de saneamde PAS-melders (bedriuwen dy't nei de stikstofútspraak fan Rie fan Steat ynienen dochs in fergunning oanfreegje moasten, wylst dat earst net nedich wie, red.) earst holpen wurde.
Fierder fynt hy it posityf dat yn it advys neamd wurdt dat der tuskentiids evaluearre wurde moat en dat der net allinnich mear nei krityske deposysjewearden sjoen wurde moat.
"Remkes hat goed lústere nei de boeren en hy hat it kabinet in wurkber rapport jûn. Se moatte no in kear echt oan de slach en net domme kaartsjes meitsje."