Bern CBS De Wegwijzer út De Pomp moatte nei oare skoalle troch leararetekoart

CBS De Wegwijzer yn De Pomp © RTV NOF
Bern út groep 7 en 8 kinne net mear terjochte op CBS De Wegwijzer yn Kollumerpomp. Troch sykte en it leararetekoart is der gjin learkrêft foar dy groepen te finen. De bern út dy groepen moatte no nei in oare skoalle.
It slagge skoallebestjoer Arlanta oan it begjin fan it skoaljier net om foar alle dagen leararen mei in foech foar de groep te krijen. In juf mei foech joech trije dagen les en de oare twa dagen waarden ynfolle troch in ûnderwiisassistint.

"Bij het grofvuil gezet"

"Die situatie vinden we niet wenselijk. Voor iedere groep willen we een bevoegde leerkracht. We zijn steeds bezig geweest met zoeken, maar dat lukte niet", seit Heidi Rubingh fan Arlanta.
Doe waard de juf mei it foech ek noch siik, wêrtroch't der hielendal net mear in geskikte learaar beskikber wie. Arlanta hat dêrop oare skoallen benadere oft sy de bern út groep 7 en 8 opfange woenen.
Alders fan de bern waarden dêr tiisdei oer ynformearre yn in gearkomste. "Het was een hele emotionele bijeenkomst waar mensen lamgeslagen en boos waren. Het voelt alsof mijn kind als een vuilniszak wordt behandeld en bij het grofvuil wordt gezet", seit Ellen van Wieren, ien fan de âlders.
Arlanta jout oan dat it gjin maklik beslút wie, mar dat der gjin oare opsjes wienen. Alders fiele harren yn de steek litten en binne benaud dat dit it begjin fan de ein is foar CBS De Wegwijzer.