Súdwest-Fryslân en Wetterskip wolle fjouwer wynmûnen Nij Hiddum-Houw keapje

Ien fan de mûnen fan it nije wynpark © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente Súdwest-Fryslân en Wetterskip Fryslân wolle fjouwer wynmûnen yn wynpark Nij Hiddum-Houw keapje. De mûnen binne no fan enerzjybedriuw Vattenfall.
Gemeente en wetterskip dogge dit om't de omwenners der dan better fan profitearje kinne. Neffens wethâlder Henk de Boer wurde de lusten en de lêsten lykwichtiger ferdield. "Omwenners kinne profitearje troch de útjefte fan obligaasjes. Dêrneist is der in Gebiedsfonds oprjochte wêrby't de opbringsten fan it wynpark ek oare publike belangen tsjinje kinne."
It inisjatyf komt fuort út de winsk fan in boargerfoarum fan de gemeente Súdwest-Fryslân. As Vattenfall akkoart giet, is de oerdracht op 1 desimber. Dat is ek it startmomint foar de útjefte fan obligaasjes oan omwenners.