Gemeente Ljouwert ûndersiket feilichheid fan izeren gasliedingen yn Aldlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert docht in stekproef yn de wyk Aldlân om te sjen hoe feilich oft de gasliedingen yn de huzen noch binne. Earder hat in ynstallaasjebedriuw alarm slein. Yn de huzen yn Aldlân binne gjin koperen, mar izeren gasbuizen brûkt en dy binne gefoelich foar rust.
It ynstallaasjebedriuw neamde de huzen in tikjende tiidbom. In hiel hûs soe fuortblaasd wurde kinne troch in gaseksploazje.
Sûnt 1986 binne izeren gasbuizen al ferbean, mar hûseigeners binne sels ferantwurdlik foar de kontrôle en de ferfanging. Offisjeel is dat net in taak fan de gemeente. Dochs docht de gemeente Ljouwert no ûndersyk fanwegen de ûnrêst dy't ûntstien is. "Wij willen zelf toch even kijken hoe het precies zit", seit wethâlder Hein de Haan.

Oprop

De gemeente docht in stekproef by tweintich wenningen. De ferwachting is dat it ûndersyk dizze of takom moanne ôfrûne is, seit De Haan. De útkomst wurdt dêrnei besprutsen mei it wykpanel fan Aldlân.
De gemeente ropt bewenners op om de liedingen yn harren huzen te kontrolearjen. "Mensen, kijk alsjeblieft goed naar je eigen woning", seit De Haan. "Onderhoud die goed en zeker als het gaat om stalen leidingen. Zorg dat je controleert of die goed zijn of niet goed zijn. Dat is in het grootste belang voor jezelf, maar ook voor je buren."

Underhâld ferplichtsje?

It giet De Haan te fier om it ûnderhâld en de ferfanging fan izeren liedingen te ferplichtsjen. "Ik vind het op zich goed dat het onderhoud van een particuliere woning bij de eigenaar zit. Wij kunnen dat ook niet zomaar overnemen, dat zou om veel te veel woningen gaan. Maar wij willen wel helpen om aandacht te vragen voor deze situatie."