Skelet fan T. rex wurdt as puzel yninoar set yn Natuurmuseum yn Ljouwert

Hanneke Jacobs mei it skelet fan de T. rex © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn Natuurmuseum Fryslâm yn Ljouwert is fan 15 oktober dit jier oant en mei 3 septimber takom jier de eksposysje T. rex in Town te sjen. Topstik is in 3D-printe ferzje fan in T. rex. Sa'n 40 minsken wurkje oan it opsetten fan it skelet.
It is in puzel fan hûnderten stikjes. In oantal ûnderdielen siet al oan elkoar. "We hebben het zo gebouwd dat het makkelijk kan worden vervoerd", seit projektlieder dinosauriërs Hanneke Jacobs fan ûndersyksynstitút Naturalis yn Leiden dat de eigener fan it gefaarte is.
"Het hele skelet met het frame is om en nabij 500 kilo. Dat is een stuk minder dan het echte. Dat zal rond de 2000-3000 kilo zijn." De bouwers fine it in moaie útdaging. "Het is een dino. Dat is toch het allergaafste wat er is", fynt Jacobs. "Een T. rex, de mooiste, met de naam Trix."
Skelet fan Tyrannosaurus rex komt nei Ljouwert
It natuermuseum hat neffens projektlieder fan de tentoanstelling, Ellen Roetman, syn bêst dien om de eksposysje ek nijsgjirrich te meitsjen foar de jeugd. Dy kin bygelyks mei in fyts foar de dino útride.
"Een van de dingen die ze ontdekt hebben door de voetsporen van de T. rex, is hoe hard het beest liep", fertelt Roetman. "En bij een van de activiteiten moet je kijken of je de T. rex voor kunt blijven door heel hard te fietsen of dat je opgeslokt wordt met huid en haar." De snelheid fan de T. rex wie sa'n 25-30 kilometer yn 'e oere. Dus mei hiel hurd traapjen soenen je it winne kinne.
Neist it fytsen, kinne besikers bygelyks in quiz dwaan, dûnsje, sels bonken opgrave en workshops folgje. Bern kinne yn kontakt komme mei de paleontolooch dy't de lieding hie by it útgraven fan it orizjinele skelet op de prairies fan Noard-Amearika yn 2013, de Fries Anne Schulp. Hy kin in soad ôflêze oan it skelet fan in dinosaurus.
Snitser paleontolooch Anne Schulp mei de T. rex © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Sa hat dizze T. rex in klap hân yn 'e side en soarge in ûntstekking foar in grut gat yn de kaak. De T. rex libbe sa'n 66 miljoen jier ferlyn. De ynslach fan in meteoryt soarge derfoar dat trijekwart fan al it libben dat der doe wie, wêrûnder de dinosaurussen, útstoarn rekke.
It museum ferwachtet in soad fan de tentoanstelling. "It is ek de opmaat nei ús jubileumjier. We bestean takom jier hûndert jier", seit direkteur Froukje Hernamdt.
"It is in publyksfavoryt en minsken begjinne no al te reservearjen. It is fergelykber mei de tentoanstellingen Gif en Animals inside-out. Ik tocht sels: wat is dat mei dy dinosauriërs. Ik haw sels lêsten sjoen by Naturalis en it is fassinearjend. Ast betinkst wat hjir allegear libbe hat op dizze wrâld. Ik bin echt ûnder yndruk."
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Kommende snein yn it radioprogramma Buro de Vries fertelt de Snitser paleontolooch Anne Schulp mear oer de Tyrannosaurus rex.