Drone fljocht mei keunstwurk fan Oranjewâld nei Kopenhagen

De drone dy't nei Kopenhagen fljocht © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mei in drone 611 kilometer fleane troch trije lannen, fan Oranjewâld nei de Deenske stêd Kopenhagen. It soe in rekôr wêze foar in net-militêre drone en it yngenieursbedriuw Antea Group besiket dat te fêstigjen.
De drone is woansdeitemoarn ôfset. It ferfiert in keunstwurk fan de Ljouwerter keunstner Bonny Dijkstra nei it museum fan moderne keunst yn Kopenhagen. Dat it bedriuw mei in drone sa fier fleane wol, is om ynnovaasje en duorsumens te ûntwikkeljen. Se wolle nije techniken tapasse by it mjitten fan bygelyks libbensomjouwingen.
Droneflecht
"We zijn een beetje de toekomst aan het oefenen", seit direkteur Tanja Lendzion fan Antea Group. "We willen eigenlijk testen hoe het werkt mei drones. We hebben een strategisch thema. Dat heet innovatie. Als je het over innovatie hebt, dan heb je het natuurlijk in het ingenieursvak ook over drones en hoe je goed met drones kunt werken."
It hat hiel wat om 'e hakken hân om de drone fan Fryslân nei Denemarken fleane te litten. Oardel jier hat it bedriuw dwaande west om alles foar mekoar te krijen. De fergunningen wiene úteinlik twa wike lyn klear. It wachtsjen wie op Dútslân. "Je kunt niet zomaar door natuurgebied vliegen, je mag niet zomaar over water", leit Lendzion út. "En daar moeten we ook allemaal rekening mee houden."
'Moderne flaskepost' mei in keunstwurk fan Bonny Dijkstra út Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Doe't de fergunningen klear wienen, moast der sjoen wurde nei it goede momint. De waarsomstannichheden binne fan grut belang foar de flecht en woansdei wie wat dat oanbelanget de bêste dei. Oranjewâld is it startpunt, omdat it bedriuw dêr santich jier lyn begûn. Foar Kopenhagen is keazen, omdat dat de meast duorsume stêd fan Europa is.
As alles goed giet, komt de drone oer fjouwer dagen oan by it keunstmuseum. It tastel mei nachts net fleane, ûnderweis stean der ferplichte waarnimmers. Seis persoanen folgje de drone yn estafette. Der is ien ekstra dei ynkalkulearre foar it gefal der ûnderweis wat misgiet.